Ole Tobiasen hopet oait werom te kommen as haadtrainer: "Zou ik serieus over nadenken"

© Orange Pictures
Ole Tobiasen ferlit nei twa jier sûnder segryn sc Hearrenfean. Syn kontrakt wurdt net ferlinge, mar lulk is er net. En mocht Hearrenfean oait by him weromkomme mei de fraach om haadtrainer te wurden, dan seit er gjin nee. "Ik heb gewoon een speciaal gevoel bij deze club."
Tobiasen spile tusken 1995 en 1997 foar Hearrenfean. Yn 2021 kaam er werom nei Fryslân, doe as assistint-trainer fan Johnny Jansen. Ferline jier wie er in skoft ynterim-haadtrainer, nei't Jansen dien krige.
Ein april makke Hearrenfean bekend dat de klup net fierder giet mei Tobiasen. Hearrenfean kiest derfoar om troch te gean mei twa yn stee fan trije assistinten. Paul Simonis en Peter Reekers ha alle twa noch in kontrakt en bliuwe dus, wylst it kontrakt fan Tobiasen ôfrûn. Hy ferlit Hearrenfean nei twa jier.
Kaam de beslissing om dyn kontrakt net te ferlingjen as in ferrassing?
"Niet als een grote verrassing. Ook omdat je weet dat als ze me wilden houden, ze wel eerder iets hadden laten horen. Als een hele grote verrassing kwam het dus niet meer."
Bist der teloarsteld oer? Of lulk? Of segrinich?
"Ik ben hier naartoe gekomen om de club weer omhoog te krijgen. Dat is ook aardig gelukt. Vorig jaar haalden we de play-offs en hopelijk lukt dat dit jaar weer. Ik had gehoopt hier nog jaren te blijven. Om nog meer stappen te zetten met deze prachtige club, waar ik toch bepaalde gevoelens voor heb.
We hebben toch mooie stappen gezet. Op het veld, maar ook daar buiten. Als ik zelf mocht kiezen, dan had ik wel willen blijven."
Dan bist dus teloarsteld?
"Nou nee, dat niet. Je hebt een contract voor twee jaar en je weet dat dat in de voetbalwereld kan gebeuren. Alleen ik heb wel het gevoel dat ik nog meer voor deze club had kunnen betekenen. Ze gaan terug naar twee assistent-trainers en dan is de keuze snel gemaakt. Dat vind ik dan vrij logisch."
Kinst ek sizze: ik ha it hjir goed dien en wat foar de klup betsjut. Wêrom ferlingje jim myn kontrakt net?
"Nee, dat heb ik helemaal niet. Je weet hoe het werkt in de voetbalwereld. Dat accepteer je gewoon."
Ole Tobiasen oer it net ferlingjen fan syn kontrakt en de takomst
Wolst sjyk ôfskied nimme? Net al te folle krityk leverje?
"Nee, maar ik heb ook geen kritiek. Ik had nog graag wat willen betekenen, maar dat is het."
Ferline jier waarden jim achtste, no stean jim mei noch trije wedstriden te gean njoggende. Is dit team better as it team fan ferline jier?
"Als je kijkt naar de investeringen in de spelers dit seizoen, dan zou ik zeggen dat er meer kwaliteit zit in het team dat we nu hebben."
Mar jim stean noch wol in plak leger.
"Ja, voorlopig ja. We moeten nog drie wedstrijden."
Wêrom soenen jim de play-offs helje?
"Omdat we beter zijn dan onze concurrenten. Dat vertrouwen hebben we wel."
Ik heb gewoon een bepaald gevoel bij deze club.
Ole Tobiasen
No moatst op syk nei in nije wurkjouwer. Spilet der al wat?
"Er speelt wel wat, maar nog niks concreets. Het komt via de zaakwaarnemer binnen. Hij weet ook dat ik hier nu druk bezig ben, dus ik zie het wel. Ik sta voor alles open. Of het nou in Nederland is of in Scandinavië of buiten Europa. Ik zie het wel."
Wolst as haadtrainer fierder of as assistint-trainer?
"Hangt van de uitdaging af. En van het perspectief."
Is it in persoanlike ambysje om oait werom te kommen as haadcoach fan Hearrenfean?
"Heb ik nooit over nagedacht, Maar ik heb gewoon een bepaald gevoel bij deze club. Maar nu je me het zo vraagt, dan lijkt het me mooi om hier ooit hoofdtrainer te worden. Zeker. Als ze ooit komen met die vraag, dan ga ik daar wel serieus over nadenken."