Grutste sânoperaasje ea yn Nederlân: Amelanner strân mei meters omheech

In fuortspield stik strân op It Amelân © Persbureau Ameland
It wurdt de grutste strânopheging ea yn Nederlân: de saneamde sânsuppleesje op It Amelân. Gedurende moannen giet der sân út de Noardsee nei de Amelanner strannen en dat is hurd nedich.
By in oantal stoarmen binne ferline jier hiele stikken strân op it Amelân fuortslein. Benammen by strânpaviljoen The Sunset is dat goed te sjen: it paviljoen sweeft no mear as trije meter boppe it strân. Earder koenen gasten noch sa fan it terras ôf it strân op stappe.
Fierder is bygelyks de strânoergong by peal 2 al in skoft net mear tagonklik foar auto's, omdat de betonplaten hielendal fersakke binne.
Dit wie de situaasje ôfrûne desimber © Gemeente Amelân
"Bij Ameland ligt er een geul vrij dicht voor de kust", seit Robert Zijlstra, dy't as adviseur wetterfeiligens en morfology by Rykswettersteat wurket. "Die geul neemt tijdens stormen en hoog water meer zand mee dan op andere plekken."

Ekstreem

De situaasje is yn ferliking mei oare plakken lâns de Nederlânske kust dus ek frij ekstreem, seit Zijlstra. Fjouwer jier lyn wie de lêste kear dat Rykswettersteat it strân ferhege.
"Dat we dit nu weer doen, is wel wat eerder dan we hadden ingeschat. Dat is denk ik vooral te wijten aan het vorige stormseizoen, in februari en maart 2022. Toen is het vaker hoogwater geweest en waren er meer golven." Sokke situaasjes soargje derfoar dat der mear sân fuortfage wurdt.
De situaasje by strânpaviljoen The Sunset yn novimber 2021 © Geert Dantuma
En dêrom begjinne se dizze wike mei in grutte operaasje om sân fan de Noardsee nei It Amelân te bringen. "Dat zand komt op een schip, dat vlak voor de kust van Ameland komt te liggen. Via een buis wordt het zand op het strand geperst."

Klear foar it nije stoarmseizoen

It wurk duorret nei ferwachting oant yn augustus en dat betsjut dat it ek gefolgen ha sil foar de strânbesikers. "Meestal werken we niet door in de zomerperiode, vanwege alle recreatie, maar in goed overleg met de gemeente hebben we besloten om dat nu wel te doen. Dan kan het voor het volgende stormseizoen klaar zijn."
Rykswettersteat sil derfoar soargje dat it stik strân by peal 2 - it drokste stik strân - foar de simmer klear is. "Maar als we werken in het gebied tussen paal 3, 4 en 5, dan is het gebied tussen de twee strandopgangen niet toegankelijk."
© Omrop Fryslân
Zijlstra tinkt dat de oplossing mei it ferpleatsen fan sân noch wol skoften wurkje kin. "We zijn prima in staat om dit zo te kunnen blijven doen, we zijn nog niet bij een onhoudbaar punt. Maar als kijken naar de verdere toekomst, met bijvoorbeeld de zeespiegelstijging, dan zou het kunnen zijn dat we meer moeten doen."

Oandachtspunt foar de takomst

Boppedat is it mar de fraach oft der altyd romte wêze sil om sân út de see te heljen. It is dêr drok nammentlik, mei bygelyks wynparken, gasboarrings, oaljeboarrings en kabels. "Het is behoorlijk drukbezet, ja. Tot het jaar 2050 lijkt het allemaal wel goed te komen, maar we kijken bijvoorbeeld wel of we ruimtes kunnen reserveren om zandwinning te kunnen blijven doen."
Sa binne der op it stuit ek al plakken dy't eksplisyt oanwiisd binne om sân foar it kustûnderhâld te sammeljen. "Voor de verdere toekomst is dat ook een aandachtspunt: we moeten zorgen dat we voldoende zand beschikbaar houden."