Wiersma (BBB) oer kabinetsplannen: "Net altyd goed neitocht oer útwurking en finânsjes"

© Omrop Fryslân
De BBB hie genôch te dwaan dizze wike; der barde in soad op lânbougebiet, ít tema dêr't de partij har benammen foar ynset. Kandidaat-deputearre Femke Wiersma fynt dat it Ryk wol nei harsels sjen mei wat de plannen foar de lânbou oanbelanget. Tagelyk binne ek de koälysje-ûnderhannelingen yn folle gong, dêr is de partij minder iepen oer.
De koälysje-ûnderhannelingen foarderje goed, sa't it no liket. Formateur Oebele Brouwer joech freed yn in brief nei de Provinsjale Steaten oan dat in nije koälysje der foar de simmer sitte kin. "Ik tink dat dat wol wat seit oer it proses", follet Wiersma oan.
Sels sit Wiersma oan de haadtafel mei de fraksjefoarsitters: "Dêr wurde de eventueel prekêre knopen even trochhakke."
Neffens Femke Wiersma rinne de koälysje-ûnderhannelingen goed
De sfear oan de ûnderhannelingstafels is hurd en sêft tagelyk, omskreau Brouwer. "Hurd op de ynhâld en sêft op de relaasje, der leit seker in basis foar goeie gearwurking", seit Wiersma. Oer dy ynhâld lit Wiersma lykwols neat los. "Moatst in briedende hin net steure."

Kabinet wol wat oars as provinsje

Ofrûne wike waard de kandidaat-deputearre fan de PvdA, Jelle Zoetendal - no noch wethâlder yn de gemeente Hearrenfean - nei foaren skood. "Ek dat jout oan dat der fertrouwen is yn it proses", neffens Wiersma. BBB sil dizze moanne bekendmeitsje wa't harren twadde kandidaat-deputearre wurdt.
Femke Wiersma fynt dat it Ryk neitinke moat oft sy net te heech ynsette
It takomstige kolleezje krijt wol in útdaging foar de kiezzen. Dizze wike frege Fryslân 4,5 miljard fan it Ryk foar it FPLG (Fries Programma Landelijk Gebied). Dat jild is nedich foar it ferbetterjen fan de kwaliteit fan it wetter en natuer en om it plattelân ta te rieden op klimaatferoaring.

Utwurking en finansiering hawwe te winskjen oer

Dat wie neffens minister Van der Wal te folle, yn totaal sit der 24 miljard yn de lanlike pot. Oft dat dus dreech wurdt foar de provinsje Fryslân? "Ik tink dat it dreech is foar hiel Nederlân, en ek bêst wol tekenjend foar it realisme fan de ambysjes dy't it kabinet útsprekt."
Yn 'It Polytburo' beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Femke Wiersma.
Wiersma fynt dat der te folle opjeften yn it FPLG gearkomme moatte. De provinsje moat har dus net perfoarst oanpasse, mar it Ryk, seit sy: "It kabinet kin ambysjes hawwe, mar wat wy faak sjogge is dat oer de útwurking en finansiering net goed neitocht is."

Hoe moat it dan wol?

Dochs stiet ek it FPLG noch net folslein fêst. "Dit is de potleadskets, yn 2025 moat de pinneskets komme, dat betsjut dat dit seker net de definitive ferzje is, der sille noch oanpassingen yn komme, dat tink ik wol."
Femke Wiersma: BBB set yn op ynnovaasje
En sa'n potleadskets jout rûmte foar mooglikheden, fynt de BBB. "Wy sille alles trochljochtsje en dan sjen nei wat der mooglik is. Dan moatst sjen nei prioriteiten en wêr'tst op ynstekke silst. As wy aanst de nije Deputearre Steaten ynstallearre hawwe, dan sille wy dêr even hiel stevich oer yn petear moatte."

Ynnovaasje

De partij hat al faak sein dat sy leaver ynsette op ynnovaasje as op it útkeapjen fan boeren. Mar lit dêr no krekt in ûndersyk oer útkaam wêze fan de universiteit fan Wageningen dat sjen lit dat it effekt fan ynnovaasje (foaral emisje-earme stâlen) ôffalt. "Dat is noch net in definityf ûndersyk, dat giet net oer alle ynnovaasjes", reagearret Wiersma.

Rapport

"Sa'n rapport wurdt no hiel flau op dit stuit yn it proses lekt. Guon ynnovaasjes smite no noch net op wat sy neffens de fabryksopjefte opsmite moatte soene, mar der binne faak addisjonele maatregels mooglik, soms is it nedich om it troch te ûntwikkeljen."
De faaks nije deputearre mei lânbou yn de portefúlje is fierder dúdlik oer it belied dat de partij foar eagen hat: "As der noch boeren binne dy't graach útkocht wurde wolle, dat is in ûndernimmer frij, mar dat is net it beliedsspoar dêr't wy op ynsette wolle."
© Omrop Fryslân