FryslânDOK 'Gelokbringers': "Je kunt iemand echt helpen en ze helpen ons ook"

Trije flechtlingen út in frjemd lân yn hûs helje is foar in soad minsken in 'ver-van-mijn-bed-show', mar Anne en Feiko Land dienen it. Soms wurde flechtlingen 'geloksikers' neamd. Dokumintêremakker Ilona de Vries frege har ôf: binne it gjin 'gelokbringers'? Dit wykein te sjen yn FryslânDOK by NPO2 en Omrop Fryslân.
It pensjonearre pear út Ljouwert ûntferme him oer trije flechtlingen dy't doe yn it WTC wennen, de needopfang dy't lanlik omtinken krige fanwegen de swiere omstannichheden.
Asylkrisis
Yn it gebou wennen hûnderten flechtlingen. It wie der fol, der wie amper privacy, der wie net folle te dwaan en it duorre lang foardat minsken wisten wêr't se oan ta wienen. De needopfang hat in jier iepen west, fan novimber 2021 oant novimber 2022. It makke de grutte asylkrisis op lytse skaal sichtber.
It COA (Centraal Orgaan opvang asielzoekers) iepene foar de bewenners in 'hûskeamer' yn de Edisonstraat. Se koenen dêr kofjedrinke, sporte en Nederlânske les folgje. Anne en Feiko Land wurken dêr as frijwilligers en joegen Nederlânske les. En dat brocht in nij aventoer yn har libben.

By in itentsje by de famylje Land mei de flechtlingen beneamt Feiko it sa: "Jullie namen de moeite om naar de Edisonstraat te gaan om daar te oefenen in het Nederlands."
Taal leare
De flechtlingen woenen sa gau mooglik de taal leare. "Ze oefenden op hun telefoon en kenden wel 500 woorden, maar ze konden geen zinnen maken. Daar hebben we ze bij geholpen." Geandewei krigen Feiko en Anne in bân mei har learlingen. "Langzamerhand kwamen er meer persoonlijke verhalen, dan begonnen ze iets over hun familie in Jemen of Syrië te vertellen."

It stel besleat om har hûs iepen te stellen. "Op de eerste dag dat we Nederlandse lesgaven, kwam Amgad naar me toe", fertelt Anne. "Goedemorgen mevrouw, zei hij, hoe gaat het met u? Dat kon mijn kleinzoon zijn, dacht ik. Dat kwam heel diep binnen. En toen dacht ik: voor jou moet ik er zijn."
Ferantwurdlikheid
It wie as in oprop oan harsels dêr't se ja op sei. "Om hem te helpen een betere toekomst te geven. Een mens in nood heeft je hulp nodig." Ek har man Feiko fielde dat sa. "Het gaat om mensen die hier zijn gekomen door nare omstandigheden en nu een nieuw begin willen maken", seit er. "Wij als Nederlanders hebben de verantwoordelijkheid om ze verder te brengen in het leven en ze zo snel mogelijk te laten integreren in de maatschappij."
Anne en Feiko holpen de mannen ek om se fertroud te meitsjen mei de Nederlânske kultuer. "Dat willen ze ook heel graag leren", seit Anne. Sa ha se mei elkoar fytst, oan it sjoelen west en sels op it iis stien.

Mustafa Ali Almaznaei út Jemen is ien fan de flechtlingen dy't Anne en Feiko yn hûs namen. Underwilens wurket er as mielbesoarger en is er drok mei syn ynboargeringskursus. Hy hopet mei hurd wurkjen syn dream wier te meitsjen om in restaurant te iepenjen.
De 'learlingen' wenje no oeral yn it lân, mar dat wjerhâldt Anne en Feiko der net fan om se op te sykjen en te stypjen. Sa gean se nei Amgad Al-Qadami út Jemen, dy't ek tydlik by it pear wenne.
Hy hat krekt de kaai fan in appartemint yn Dordrecht krigen. Fan Feiko en Anne krijt er ark en in plantsje. Syn doel is om te studearjen oan de Erasmus Universiteit Rotterdam. "Omdat ik nu Nederlands heb geleerd, kan ik beginnen met studeren en werken", fertelt er.

Flechtlingen wurde yn de folksmûle soms geloksikers neamd. Mar is dat wol sa? Binne it gjin gelokbringers dy't fan wearde binne foar de Nederlânske maatskippij? En kin de mienskip ek gelok oan dizze minsken bringe troch in waarme ûntfangst of in tastutsen hân?
It stel riedt it elkenien oan. Se hawwe in soad oan it kontakt. "Het is een nieuwe invulling van jouw leven. Je krijgt verhalen uit een andere wereld en het verandert ook onze gespreksstof onderling", seit Anne Land. "Bovendien kun je iemand anders echt helpen en helpen ze ons ook."
It is hiel maklik seit se. "Je hebt gewoon contact met iemand en dat klikt. Als ik zie wat Mustafa ons brengt aan prettige momenten en hoeveel hulp we van hem krijgen, hij is heel zorgzaam. Ik zou het elke senior in Nederland aanraden."
Anne Land oer de FryslânDOK
FryslânDOK 'Gelokbringers '
Sneon 13 maaie NPO 2 15.30 oere (werhelling snein 13.19 oere)
Snein 14 maaie Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
Snein 14 maaie Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele