Libertas op achterstân yn heale finale om lânstitel sealfuotbal

De sealfuotbalsters fan Libertas moatte takom wike oan de bak. Se ha freed de earste heale finale om de lânstitel tsjin ZVG mei 2-1 út Gorinchem ferlern. Takom wike is yn Damwâld de return.
Libertas hie freed mear balbesit, mar die dêr net it measte mei. Mandy de Jong sette de thúsploech yn de earste helte op foarsprong nei in misferstân tusken Libertasdoelfrou Laura Hummel en ferdigener Mariël Miedema.
Nei it skoft sette Evelien Mensies de 1-1 op it skoareboerd mei in skot yn de krusing. Dochs gong de oerwinning nei de thúsploech, omdat Danielle Kortlever profitearre fan balferlies by Libertas.
De Friezinnen moatte takom wike winne om de finale te heljen. De oare heale finale giet tusken FC Marlène en Os Lusitanos.
Yn de reguliere kompetysje einige Libertas as twadde, achter FC Marlène.