Ien op de trije caravans komt net troch keuring, "mar betsjut net dat se in gefaar op 'e dyk binne"

Ien tredde fan de caravans dy't yn 2022 keurd binne, hiene ien of mear reparaasjes nedich foar't se goedkard waarden. Yn totaal gie it om 50.000 caravans dy't ôfrûne jier sa'n keuring krigen. Dat docht bliken út sifers dy't brânsj-organisaasje BOVAG hjoed nei bûten bringt.
"Ik skrik dêr op himsels net fan", seit Jentinus Veneboer fan it bedriuw yn Drachten mei deselde namme. Sy fiere geregeld sa'n ûndersyk oan caravans út. It giet om keuringen neffens rjochtlinen fan BOVAG.
"We sjogge dan nei sa'n sechtich punten. As der ien dêrfan net goed is, bygelyks de NL-sticker dy't ûntbrekt, dan komt de caravan al net troch de keuring. Mar dat betsjut dus net daliks dat in tredde fan de caravans in gefaar op de dyk is."
Moat der in APK foar caravans komme no't ien op de trije net troch de keuring komt?
Ut it ûndersyk docht bliken dat de measte problemen nei foaren komme by it remsysteem of de gasynstallaasje oan board. Goed ien op de tsien ôfkarde caravans hie problemen mei de skokbrekkers of de bannen. Fierder blykt ek dat âldere caravans faker ôfkard wurde as caravans dy't resinter boud binne.
Fakânsje nei Italië
"Dochs seit de leeftiid fan de caravan net alles", leit Veneboer út. Hy wiist op in caravan dy't by him yn de wurkpleats stiet. "Dizze komt út 2016 en is yn 2020 noch goedkard. Ferline jier ha dizze minsken op fakânsje west nei Italië. Troch yn de bergen net goed te remjen, moatte der no folslein nije remtrommels yn."

It ûndersyk fan BOVAG is dien ûnder caravans fan eigeners dy't sels keazen ha foar in keuring. Sa'n keuring is nammentlik yn ús lân net ferplichte, wylst in APK foar de auto dat wol is.
De organisaasje tinkt dan ek dat it tal caravans dat eins net de dyk op kin, heger leit as wat der no fûn is: "Omdat dit caravans zijn waarvan de eigenaar bovengemiddeld veel aandacht heeft voor onderhoud en veiligheid."
Op 'e camping
Yn it maitiidssintsje fan Swichum sit Gerard mei syn frou mei in bakje kofje foar harren caravan op de camping. "Deze caravan hebben wij vorig jaar pas gekocht, maar de caravan die wij ervoor hadden lieten wij elke twee of drie jaar keuren."
It leit der neffens him ek oan wêr't je hinne geane. "Wij wonen in Steenwijk, dan durf ik het wel aan naar Friesland. Maar voor een vakantie naar Zuid-Frankrijk zou ik hem toch even laten nakijken natuurlijk."

Efkes fierderop stiet John foar syn caravan. Der sitte ferskate stickers, dy't plakt wurde by in suksesfolle keuring, op syn caravan. "Ik zou het wel verstandig vinden, een verplichte keuring voor caravans", seit er. "Natuurlijk moet het niet te duur worden, want je moet mensen niet verplicht op kosten jagen, maar als het bijdraagt aan de veiligheid, dan zou ik het wel snappen ja."