Jeffrey Bruma ferfangt skorste Syb van Ottele yn wedstriid tsjin Excelsior

Jeffrey Bruma © Orange Pictures
Sportklup Hearrenfean spilet sneontejûn mei Jeffrey Bruma yn de basis. Hy ferfangt de skorste Syb van Ottele yn it sintrum fan de ferdigening. Fan 'e wike wiene in pear spilers siik, mar fierder is de seleksje fit.
Allinnich de al langer blessearre Sven van Beek, Andries Noppert, Joost van Aken en Timo Zaal binne der net by yn de útwedstriid tsjin Excelsior.
Nei in nederlaach yn it eigen stadion tsjin FC Emmen (2-3) wûn Hearrenfean de foarige wedstriid mei 3-2 yn Nijmegen fan NEC. Trije belangrike punten yn de striid om it achtste plak. De opluchting wie grut, ek by trainer Kees van Wonderen.
"Het was een wedstrijd die het tegenovergestelde was van die tegen Emmen. Nu zaten we aan de andere kant van de score. Je bent uiteraard blij met die belangrijke punten tegen een directe concurrent, waardoor je volop meedoet om dat achtste plek."
© Orange Pictures
Hearrenfean skoarde sels trije kear tsjin NEC, mar krige ek wer twa goals tsjin. Sûnt de winterstop krijt Hearrenfean in soad tsjingoals, mar neffens Van Wonderen hat dat neat te krijen mei in feroarjen fan it spulsysteem fan 5-3-2 nei 4-2-3-1.
"Er zijn wel andere dingen gebeurd. Er zijn jongens geblesseerd geraakt (Van Beek, Noppert, red.). Er is iemand (Sarr, red.) vertrokken. Maar we zijn verdedigend kwetsbaarder. We krijgen meer goals tegen. Ook weer tegen NEC.
Kees van Wonderen oer tsjingoals, it achtste plak en kavia's
Dy wedstriid tsjin NEC wie "heel behoorlijk" neffens Van Wonderen. "Maar we krijgen veel te makkelijk een goal en kansen tegen na de 2-1. De ploeg krijgt dan een mentale dreun, dat doet wat met de ploeg. We ogen dan kwetsbaar. Dat hebben we vaker gezien. Dat proberen we te tackelen, maar dat is niet zo eenvoudig."
Van Wonderen besiket it probleem fan dy tsjingoals op te lossen, mar dat fynt er lestich. Neffens de trainer is der net echt sprake fan in tendins. "De goals vallen op verschillende manieren, er zijn verschillende spelers bij betrokken. Daarbij is dus niet één vinger op de zere plek te leggen. We blijven hameren op het nakomen van afspraken."
De wedstriid tusken sc Hearrenfean en Excelsior begjint sneontejûn om 20.00 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio yn in ekstra sportprogramma. Dat begjint om 19.45 oere. It kommentaar fanút Rotterdam komt fan sportferslachjouwer Roelof de Vries.
Mei noch trije wedstriden te gean, is Hearrenfean noch altyd yn de striid om it achtste plak. Dat jout oan de ein fan dit seizoen rjocht op dielname oan play-offs foar Europeesk fuotbal.
Hearrenfean stiet njoggende, mei likefolle punten as nûmer acht RKC Waalwijk, mar RKC Waalwijk hat in better doelsaldo. Ek NEC en Go Ahead Eagles meitsje noch kâns op dat achtste plak.

Stân en programma

8. RKC Waalwijk 41 punten, doelsaldo fan -3. Spylje noch tsjin Utrecht (út), Twente (thús) en Cambuur (út).
9. sc Hearrenfean 41 punten, doelsaldo fan -8. Spylje noch tsjin Excelsior (thús), PSV (út) en Go Ahead Eagles (út).
10. NEC Nijmegen 38 punten, doelsaldo fan +4. Spylje noch tsjin Twente (út), AZ (thús) en Fortuna Sittard (út).
11. Go Ahead Eagles 37 punten, doelsaldo fan -8. Spylje noch tsjin Feyenoord (út), Volendam (thús) en Hearrenfean (út).
Hearrenfean liket it maklikste skema te hawwen. De tsjinstanner fan sneon stiet no sechstjinde en knokt folop tsjin degradaasje. Van Wonderen: "Excelsior is een club die het organisatorisch goed voor elkaar heeft. Het blijft een ploeg die lastig te bespelen is. Taai, met snelle en vaardige spelers voorin. Die goed zijn in de omschakeling."

"Fan kavia's makkest gjin liuwen"

Ferline wike waard Van Wonderen ynterviewd foar de wedstriid tsjin NEC. Foar de kamera fan ESPN sei Van Wonderen: "Je kunt van een cavia geen leeuw maken."
Dêrmei doelde de trainer op syn spilers, dy't striidlust misse: "Soms zoek je op dat moment naar een uitleg. Dat je duidelijk kunt maken dat een bepaald karakter of speelwijze van een speler moeilijk te veranderen is. Dus daar kwam de wat rare vergelijking uit. Of rare beeldspraak."
Dochs like it der wol op dat elkenien wol begriep wat Van Wonderen bedoelde: "Nou, misschien is het een optie voor een nieuw spreekwoord."