Ausma yn tredde ronde útskeakele op WK judo

Natascha Ausma út Lippenhuzen is útskeakele yn de tredde ronde fan it WK judo yn Doha (Katar). Se ferlear mei shido fan de Italiaanske Alice Bellandi.
Yn de earste ronde fan de kategory ûnder 82 kilo wie Ausma frij, dêrnei fersloech se mei waza-ari Georgika Djengue Moune út Kameroen. Mar ien ronde letter wie Bellandi dus te sterk.
Yn deselde kategory hat Guusje Steenhuis in brûnzen medalje wûn. Dat is min nijs foar Ausma, want it betsjut dat Steenhuis in soad kwalifikaasjepunten pakt yn oanrin nei de Olympyske Spelen fan Parys. En omdat der fan elk lân mar ien judoka yn elke kategory útkomme mei, moat Ausma mear punten pakke as Steenhuis.
Ausma wie de iennige Fryske judoka op it WK. De oare twa Fryske topjudoka's, Sanne Vermeer en Tornike Tsjakadoea, binne blessearre.