Fryslân hooplik foar de simmer in nij kolleezje neffens formateur Oebele Brouwer

© Omrop Fryslân
Fryslân hat hooplik foar de simmer in nij kolleezje fan Deputearre Steaten. Dat skriuwt formateur Oebele Brouwer, boargemaster fan Achtkarspelen, freed yn in brief oan Provinsjale Steaten fan Fryslân.
Oer de ynhâld fan de petearen tusken BBB, PvdA, CDA en ChristenUnie wol de formateur noch neat kwyt. Der wurdt wurke oan in koälysjeakkoart op haadlinen en as dat klear is wurdt it presintearre. Tuskentiidske rapportaazjes sille der net komme.
Dochs lykje de petearen foarspoedich te gean. "Daarbij is tijd niet onbegrensd. Om die reden kan nu in ieder geval aangegeven worden dat wij allen er alles aan zullen doen om in ieder geval voor het zomerreces het akkoord in kalk en cement te hebben, en de club op het bordes. Of zoveel eerder als kan", skriuwt Brouwer.

Ferskate ûnderwerpen komme foarby

Der wurdt fan midden april ôf praat oer ferskate ûnderwerpen. De ferwachting is dat de petearen oer mienskip en ferbining (kultuer, sport, taal, sosjaal belied) en oer ekonomy gau klear wêze sille. Oer de fysike leefomjouwing (wenjen, enerzjy en klimaat), en de plannen foar it lânlik gebiet (lânbou, natuer, wetter en feangreides) moet noch fierder praat wurde.
Brouwer jout oan dat nettsjinsteande de ynhâldlike ferskillen tusken de partijen, de wil om gear te wurkjen grut is. "Soms is het hard op de inhoud, dat mag, maar ze zijn zacht op de relatie", aldus de formateur.