75-jierrige Vliehors smyt doarren iepen as betankje foar bewenners

Ek bern fermakken harren goed op de iepen dei © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Militêr oefenterrein de Vliehors op Flylân bestiet 75 jier. Woansdei wie der in iepen dei om dat te fieren en om de eilanners te betankjen.
De loftmacht en de Flylanners binne yn al dy tiid aardich oan elkoar wend. De Vliehors en it personiel binne in part fan it eilân wurden. De oerlêst fan bommen en granaten is net grut.

Utstalling fan wapens

By de iepen dei koene besikers sjen hoe't de range der ûngefear útsjocht en hiene se de mooglikheid om materieel fan de militêren te besjen. Der wie ûnder mear in tentoanstelling fan de wapens.
Iepen dei op De Vliehors © Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Fan 8.000 misjes nei 1.000

Troch de technology binne der ek folle minder misjes nedich. Want eartiids moast alles yn de praktyk oefene wurde, seit kommandant Rob Vliehors, fan de Vliehors.
"De geavanceerde flight simulators spelen daarin bijvoorbeeld een rol. Aan het einde van de opleiding hoeven militairen maar een paar keer echt een wapen te gooien om de opleiding af te ronden", seit Duran. "Vroeger had je 8.000 missies per jaar, en door de ontwikkeling van de technologie zijn dat er duizend geworden."
Besikers krije útlis oer De Vliehors © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Hy fertelt dat er yn 75 jier flink modernisearre is. "Vroeger waren de vliegoperaties manueel en volgens berekening. Wapens waren niet precies. Nu is dat wel het geval. Ze worden nu bestuurd door middel van gps en zijn lasergestuurd. Alles om het doel uit te schakelen en geen collatoral damage."
Op it momint dat der twa F-16's delfleagen as groet, hat boargemaster Schrier in kado fan de Vliehors yn ûntfangst naam. In bank en in tafel, makke fan it hout fan in âlde waarnimmingspost.