Nei in wrede wenningbrân kin Ernst Langhout wer foarsichtich laitsje

Yn febrewaris leinen neat ûntsjende flammen de wenbuorkerij fan Ernst Langhout yn 'e jiske. Hoe giet it mei de sjonger nei dat drama? Fierder fertelt hy yn Noardewyn oer hoe't er de muzyk ynrôle, it live spyljen foar publyk, en syn foarbyld Bob Dylan.
De seis bewenners wisten op 10 febrewaris aldergeloks út te naaien. De rest fan wat der yn 'e wenpleats siet, waard dy jûn yn Gau proai fan 'e flammen. In freeslik drama foar eigener Ernst Langhout. Al binne de meast donkere wolkplommen ûnderwilens ek yn syn holle oplutsen.

Alde foto's en songteksten

"Ik bin alle spullen kwyt dêr't ik fan hold. Foto's fan fyftich jier âld, myn teksten, opnamen. Alle dagen sjit it noch wol efkes troch my hinne", fertelt Langhout. "Mar hieltyd faker kin ik tinke, 'tja, dat is dan sa'. Je reitsje no ienkear dingen kwyt yn it libben."
De stipe dy't er krige, hat him goed dien. Om de finansjele skea diels op te fangen, waard in crowdfunding op poaten set en op 20 en 21 maaie binne der benefitoptredens yn it Bolwerk yn Snits.
"Geweldich hoe't minsken reagearren. In hertferwaarmjende tsunamy", seit de sjonger-muzikant, dy't te hearren krigen hat dat de fersekering dochs betellet. "Gelokkich mar, want oars hie ik der no hiel oars by sitten."
Op in reis yn Skotlân hearde ik foar it earst The Dubliners. It wie foar my fuort dúdlik: ik moast de muzyk yn.
Sjonger en muzikant Ernst Langhout
Langhout begûn yn 1973 syn earste bantsje. Dat er muzikant wurde soe, dêr wie gjin twivel oer. "Op myn reis yn Skotlân hearde ik foar it earst The Dubliners. It wie foar my fuortendaliks dúdlik: ik moast de muzyk yn."
Doe't er weromkaam kocht er fuort in gitaar. Syn fanatisme groeide mei de dei. "Ik makke de havo ôf en ha dêrnei noch op ferskate skoallen sitten. Mar de ynteresse foar learen wie doe echt fuort."

Touren troch it lân

"Ja, dat fûnen myn âlden spitich. Sy redenearren: kinst dochs bygelyks learaar wurde en dêrneist yn in bantsje spylje?" Mar dat wie gjin opsje. "Ik woe folsleine romte meitsje om op te gean yn it muzikantelibben."
Mei de band Visitor stapte er op poadia binnen en bûten de Fryske grinzen. Fan Simplon yn Grins oant Paradiso yn Amsterdam: de liveoptredens folgen inoar sa yn rap tempo op.
Yn Fryslân waard benammen neidien wat der in Ingelân en Amearika útkaam.
Ernst Langhout
It waard de jonge Langhout dúdlik dat der mear is as syn fertroude Fryslân. Ek op muzikaal mêd seach er graach oer it sket. "It wie hjir dochs foaral blues en rock. En der waard benammen neidien wat der út Ingelân en Amearika komt."
Yn it radioprogramma Noardewyn hat presintator Willem de Vries op moandeis oant en mei tongersdeis 1-op-1-petearen mei minsken út de kulturele wrâld. Harkje tusken 18.00 en 19.00 oere, belústerje it as podcast of besjoch it op YouTube.
Op freeds is Noardewyn Live, it muzikale doarpsplein fan Fryslân, mei allerhanne livemuzyk te hearren tusken 18.00 en 19.00 oere. Dy optredens binne sneontejûns op telefyzje te sjen.
Hy oerwage dêrom noch om nei Ingelân te ferhúzjen. Mar liet dy gedachte ek wer farre. "Ik hear dochs wol thús yn Fryslân. Boppedat: wêr'tst ek hinne giest, komst altyd wer deselde dingen tsjin yn it libben. Dan hat it syn foardielen om gewoan hjir te bliuwen."

Bob Dylan

Der is ûnderwilens in aardige samling sjongers dy't muzyk fan bûtenlânske artysten ombûgden nei it Frysk. Langhout wie ien fan de earsten yn dy rige. Hy stoarte him op it oeuvre fan Bob Dylan."
Dat waard my kado dien. Ik waard frege en krige carte blanche wat de ynfolling oanbelanget." De kar wie dêrom gau makke. Langhout stimde yn.
"Dylan hat de popmuzyk folwoeksen makke. Tegearre mei ûnder oaren Leonard Cohen, Lou Reed en Patty Smith. Dêrfoar heardest foaral swiete leafdeferskes. Mar dizze artysten kamen mei teksten dy't yn de literatuer passe."
De sjonger fernaam dat Fryske oersettingen oanslaan. "Dan kaam ik bygelyks yn de supermerk, en prate in âld wyfke mei permanintsje my oan: 'moai nûmer is dat fan dy, 'Rûzjend yn 'e wyn'. Dat it myn nûmer net is, makket net folle út. Sa'nien kin op dizze wize ek begripe wat Dylan song. Moai fyn ik dat. "

'Het moaiste dat er is'

Nettsjinsteande it âlder wurden, treedt Langhout noch altyd op. Mei nocht, al hat er ferslaving dy't dêr eartiids mei gearhong efterlitten. "Ik hoech sneontejûns de kroech net mear op 'e kop te setten. Mar de teätershows fyn ik noch hieltyd hiel leuk om te dwaan."
Al sûnt syn start oant no sjocht er faak wat op tsjin it optreden. "'Moat ik dy minsken allegear wer sjen te fermeitsjen', tink ik dan." As er ienkear dwaande is, ferlit dy gedachte him al gau. "Dan wit ik wer: ja, dit is it aldermoaiste dat der is."

De top 5 fan Ernst Langhout

Artyst Nûmer
Patty Smith Because the Night
Neil Young Rockin' in the Free World
Bob Dylan Like a Rolling Stone
Planxty Raggle Taggle Gypsy
The Dubliners Dirty Old Town