Ljouwerter supermerk as earste duorsumer, mei kuolling wer achter doarren

De Ljouwerter wyk Westeinde hat sûnt woansdei in fernijde, mar foaral duorsumere supermerk krigen. Nei in ferbou fan hast fjouwer wiken is de winkel fan it gas ôf. Meast opfallende feroaring: alle kuollingen en djipfriezen hawwe duorren.
It ôfdekken fan tsiis, fisk en fleis it op dit momint wetlik noch net ferplichte mar dat sil feroarje, sa tinke se by de supermerk. Dêrom wurdt dat no al oanpakt, seit bedriuwslieder Johannes Tichelaar fan it Poiesz-filiaal.
Ledferljochting
"Minder opvallend voor de klant, maar wel veel energiezuiniger is de manier waarop de winkel wordt verlicht. In de hele winkel wordt alleen gebruikgemaakt van ledverlichting. De winkel wordt verwarmd door de restwarmte van de koelingen, waardoor de winkel geen gasaansluiting meer heeft."
Neffens Tichelaar smite de duorsume maatregels yn de winkel in soad besparring op. "We hebben berekend dat het gaat om een energiereductie van bijna twintig procent."
De supermerk yn Westeinde is de earste yn in rige fan 72 fêstigingen dy't oanpakt wurde. Oaren folgje dus noch: "Dit is de toekomst", sa fynt Tichelaar.