KAART: Iepenloftspulseizoen set útein, sjoch hjir wêr'tst dit jier hinne kinst

It foarige iepenloftspul yn Jorwert © Iepenloft Jorwert
Al jierren jildt it iepenloftspul fan Jorwert as ien fan de hichtepunten fan it teäterseizoen, mar yn neifolging dêrfan binne der hieltyd mear doarpen dy't in plak fertsjinje op de kulturele aginda. Dit wykein giet it seizoen wer los. Wêr moatte je wêze?
It kommende seizoen telt Fryslân njoggentjin iepenloftspullen mei in grut ferskaat oan sjenres. It earste iepenloftspul set 12 op maaie útein yn Damwâld mei de komeedzje Groeten van 'e Veluwe. Oant yn oktober binne der noch foarstellingen fan In pakje foar Signor Pandarello (ferskate lokaasjes) en FLOED (De Lemmer).
Hjir binne de foarstellingen dit jier:
Misse jo wat of sjogge jo noch ûntbrekkende iepenloftspullen? Lit it ús witte op redaksje@omropfryslan.nl.
Yn dy lange list fan iepenloftspullen fertsjinje in pear foarstellingen ekstra omtinken. Sa wurdt bygelyks yn It Heidenskip foar de fjirde kear in iepenloftspul opfierd. Dit kear oer de rike skiednis fan 125 jier blaasmuzyk yn eigen doarp.
"It korps is oprjochte yn de tiid fan Wilhelmina yn 1898. Blaasmuzyk wie doe hiel populêr", seit regisseur Ytsje Kramer Kroes. "We hawwe gelokkich in soad argyfbylden út dy tiid ophelje kind. De foarstelling is sa in bûnte oanienskeakeling wurden fan muzyk, teäter en ferskate fragminten út it byldargyf."

Tiidreis

It publyk krijt fan de tribune ôf in 'totaalbelibbing'. "Oan de hân fan in ferteller wurdt de taskôger dan yn in soarte fan tiidreis meinommen troch de hiele skiednis. It projekt hat in soad tiid en muoite koste. We hawwe der in jier mei dwaande west om alles bymekoar te krijen."
Jorwert mei fansels yn de list net ûntbrekke. Ien fan de earste en grutste iepenloftspullen dy't de provinsje ryk is. Mar hoewol't de spyldagen en de lokaasje al wol dúdlik binne, hâldt de organisaasje wat de kar fan it stik oanbelanget de kaken noch efkes stiif op elkoar. Ein maaie of begjin juny sil de kaartferkeap dêr úteinsette.
Ek Spangea komt dit jier wer mei in foarstelling. Yn gearwurking mei it profesjonele dûnsselskip Ivgi&Greben út Ljouwert sil neffens de organisaasje in pynlike en romantyske opera omset wurde yn 'spannend teäter'.

Arranzjeminten

It falt op dat it publyk hieltyd mear by foarstellingen belutsen wurdt. Dat is ek yn Spangea it gefal. Mei in spesjaal arranzjemint krijt de taskôger de gelegenheid om mei de artysten te iten, te drinken en yn petear te gean.

Woudagemaal

In oare foarstelling dy't yn it each springt, is FLOED, in iepenloftspul dat him yn en om it Woudagemaal op 'e Lemmer ôfspilet. It grutste stoomgemaal dat ea boud is, bestiet hûndert jier en wurdt noch hieltyd by swiere reinfal yn wurking set.
De jubileumfoarstelling toant it ferhaal oer twa minsken dy't in bysûndere bân ha mei it wetter. Haadpersoan Mare ferklearret nammentlik har leafde oan it wetter en beslút om de mar 'út har sliep te heljen' en ta aksje te kommen. It wetter komt omheech en driget it lân te oerstreamen. It gemaal draait hurder en hurder... Is in wettersneedramp noch te kearen?
It Woudagemaal © Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Wa't fan popmuzyk hâldt, kin syn hert ophelje yn De Tynje, by it stik Freddy - Hâld my net tsjin: muzykteäter oer de band Queen en syn ekstrafagante leadsjonger Freddie Mercury. Hoewol't de tariedings noch yn folle gong binne, is der no al in soad belangstelling foar de foarstelling. Safolle dat der no al ekstra foarstellings ynpland binne.

Populêr

Neffens teätermakker Romke Gabe Draaijer fan Keunstwurk wurde iepenloftspullen hieltyd populêrder. Hy sjocht ek dat it tal taskôgers tanimt. "Minsken fine it wer moai. It brûst."
It is lang net mear allinnich laitsje, giere en brulle.
Romke Gabe Draaier, Keunstwurk
Boppedat wurde iepenloftspullen ek kwalitatyf better, merkt Draaijer op. Neffens him hat dat ek te krijen mei it hegere budzjet dat organisaasjes ta de beskikking stiet. Dêrtroch kinne profesjonele regisseurs en moderne technyk ynset wurde.
"Amateurspilers krije dêrtroch nije ideeën en ûnderfining en passe dat wer ta yn it wintertoaniel yn eigen doarp", seit Draaijer. "Dy kwaliteit floeit troch nei alle lagen yn it profesjonele en amateurtoaniel. Foar spilers, regisseurs en publyk. It is lang net mear allinnich laitsje, giere, brulle."

Berne-iepenloftspul

En ek foar de bern is der dit jier genôch te sjen. BIS, it berne-iepenloftspul yn Easterwierrum, bringt dit jier Pippi op it toaniel. Basearre op de boeken fan Astrid Lindgren oer it sterke famke mei de twa reade sturtsjes yn it hier.
Tekst en muzyk fan Pippi is fan de hân fan Peter Sijbenga. En mei in cast fan leafst 26 bern is it feest kompleet.