Mearderheid foar stikstoffûns: "Kabinet houdt vast aan 2030 dus Fryslân ook"

Twadde Keamerlid Tjeerd de Groot fan D66 © ANP
De Twadde Keamer debattearre woansdei oer it stikstoffûns, dêr't it kabinet goed 24 miljard euro yn dwaan wol. Nei fjouwer jier praten liket der lang om let jild te kommen om de stikstofproblemen oan te pakken. De koälysje helle in mearderheid yn de Twadde Keamer en dêr is D66-lid Tjeerd de Groot fan Wâldsein bliid mei.
No't de mearderheid der is, wol it kabinet dan ek sa gau as mooglik de stikstofútsjit troch de helte. Sy hâlde dus fêst oan de deadline 2030, wylst Fryslân leaver sjen soe dat dat 2035 wurde soe.
"Het kabinet en het hele land gaan uit van 2030, dus Fryslân ook", seit Tjeerd de Groot (D66). "Het moet zo vlug omdat we het voor de generaties na ons belangrijk vinden dat er een leefbaar Fryslân bestaat, waar de natuur nog floreert. Dat hebben we ook met elkaar afgesproken."

Op tiid by wêze

Hoe gau de boeren gebrûk meitsje kinne fan it jild is noch net dúdlik. "Dat hangt af van de provincies, die maken de plannen en die moeten op 1 juli klaar zijn. Ik zou dus tegen Fryslân zeggen: zorg dat je er op tijd bij bent."
Om de stikstofdoelen berikke te kinnen binne foar de provinsje trije opsjes, seit de Groot. "Een deel van de doelen ga je bereiken door de provinciale plannen, een deel met het landbouwakkoord en een deel met normeren en prijzen."
Om foar te kommen dat prizen foar de konsumint te heech oprinne troch de maatregels is neffens De Groot minister Piet Adema oansteld. Hy moat soargje foar de balâns tusken takomst foar de boeren en takomst foar de natuer.

Earste keamer

En dochs is it noch de fraach hoe't it komt, want de koälysje hat yn de Earste Keamer noch net in mearderheid foar nedich. Dêr is de BBB foar nedich, of de kombinaasje fan PvdA en GrienLinks. En dy hawwe noch gjin stipe tasein.
Boppedat is it ek noch net útiten hoe't it jild ferdield wurde moat. Fryslân en Oerisel hawwe tegearre al 9,5 miljard fan it jild yn de pot frege. Minister van der Wal seit dat dat te folle is.