Minister trapet op de rem: Fryslân en Oerisel freegje al te folle jild foar stikstofplannen

Minister Van der Wal trapet op de rem, no't bekend wurdt wat provinsjes foar harren stikstofplannen wolle. It kabinet hat 24,3 miljard euro foar it stikstoffûns. Mar allinne Fryslân en Oerisel freegje byinoar al 9,5 miljard.
Fryslân wie tiisdei de twadde provinsje dy't syn plannen bekend makke om de stikstofproblemen oan te pakken en de natuer te ferbetterjen. De útfiering fan dat Frysk Programma Landelijk Gebied (FLPG) moat 4,5 miljard euro kostje.
Uteinlik moatte alle provinsjes sa'n plan by it Ryk ynleverje en moat der in nasjonaal programma gearstald wurde. It werombringen fan de stikstofdelslach is ien fan de wichtichste opjeften dêryn.

Mar minister Van der Wal fan Natuer en Stikstof sjocht it út 'e klauwen rinnen. "Als we in dit tempo doorgaan en iedere provincie legt een bonnetje neer van zoveel miljard, dan hoef ik u niet uit te leggen dat het fonds van 24,3 miljard niet toereikend is."
"Dat is te veel"
Sa't it der no foar stiet, soe in flink part fan it budzjet al opreitsje yn Fryslân en Oerisel. "Ja, dat is te veel", fersuchtet Van der Wal. "Ik hoor al meer bonnetjes bij andere provincies circuleren. Maar ook dit is een heel bedrag vanuit Fryslân."

Minister Sigrid Kaag fan Finânsjes joech yn it Keamerdebat oer de ferkiezingsútslach al oan dat der net mear jild beskikber is. It jild klotst net mear by de plinten op. Sy moat de hân hieltyd mear op de knip hâlde no't der jild nedich is foar bygelyks de tanimmende rinte.
Fragen fan Van der Wal
Van der Wal freget har wol ôf oft provinsje Fryslân de 4,5 miljard folslein út it stikstoffûns helje wol en moat. "Er zijn ook andere financieringsbronnen, zoals de GLB", seit de minister. Dêrmei wiist sy op it 'Gemeenschappelijk landbouwbeleid', dat lânbousubsydzjes út Europa wei regelet.
Hoe scherper de keuzes, hoe goedkoper het bonnetje.
"Maar de tweede vraag is of er echt scherpe keuzes zijn gemaakt. Want hoe scherper de keuzes, hoe goedkoper het bonnetje", sa seit Van der Wal. Sy liket dêrmei tsjin provinsjes te sizzen dat net alles kin. "En vraag drie is wat andere partijen nog bij kunnen dragen."
24,3 miljard is wat it is
Van der Wal wiist der wol op dat 24,3 miljard in 'enorm bedrag' is. "Ik vind het wel rechtvaardig dat we zo'n groot bedrag besteden aan de agrarische sector, waar we ook veel van vragen. We willen helpen bij die transitie. Maar 24,3 miljard is wel wat het is."
Earste Keamer
It kabinet praat yntusken ek mei partijen yn de Earste Keamer. Want yn de Twadde Keamer hat it kabinet wol in mearderheid foar it stikstoffûns, mar yn de senaat noch net. Dêr is de BBB of de kombinaasje tusken GrienLinks en PvdA nedich, dy't beide noch gjin stipe tasein hawwe.
"Dat gaan we bekijken", seit Van der Wal dêroer. "Stap voor stap. Ik ga het gesprek aan en onderling worden er ook nog volop gesprekken gevoerd tussen woordvoerders."
Van der Wal hopet ynkoarten mear bekend te meitsjen foar pykbelêsters
LTO Noord kritysk
LTO Noord is kritysk op it bedrach dat Fryslân freget, en benammen op de ferdieling fan dat jild. "Fan dy 4,5 miljard soe 5 miljoen yn it jier nei ynnovaasje gean. Dêrmei sizze je eins dat ynnovearje net wichtich is", seit Jan Teade Kooistra fan LTO Noord.

Wylst it neffens Kooistra just giet om it takomstperspektyf fan de lânbou. "De problemen fan no moatte oer tsien jier net noch like grut wêze. Der moat net tefolle nei de geneugten fan de koarte termyn sjoen wurde."
Fierder pleitet er foar realiteitssin by de provinsje. "Fansels is it in kwestje fan ûnderhanneljen, mar ast safolle fregest as no, rinst it risiko om it stjoer út hannen te jaan."