Teäter foar jongeren oer oars wêze as oars: "Neat mis mei''

De manlju fan Jeugdteäter Frets yn Snits meitsje in foarstelling fan it boek Gozert. Dit boek wûn yn 2021 de Gouden Griffel en giet oer in jonge neamd Ties, dy't bêste freonen is mei syn tinkbyldige freon Gozert. In ferhaal oer freonskip, humor en emoasje. Woansdei wie de earste repetysje.
Yn it boek fan skriuwer Pieter Koolwijk is Gozert de aardichste en coolste freon dy't ien har mar foarstelle kinst. Allinnich is Ties de iennichste dy't Gozert sjocht en heart. Yn syn fantasy dus. De plannen fan Gozert bringe Ties ek geregeld yn de problemen.
De âlden fan Ties fine it better dat Gozert ferdwynt en stjoere him nei 'Huize Hoopvol'. Dêr besykje se mei medikaasje en terapy Gozert en Ties te skieden.
Oars as oars
Neffens de manlju fan Frets, Freerk Hospes, Johannes Hospes en Patrick de Vries, is it tema fan it boek tige aktueel. "In soad jongerein binne oars en dêr is neat mis mei. Se krije faak in label en dat soe net moatte. Se binne goed sa at se binne en dat is de les fan dit teäter."
It doel is om fan begjin 2024 ôf it stik te spyljen op de basisskoallen. Skoallen dy't dat graach wolle, kinne harren melde by Frets yn Snits.
Frysk
De foarstelling wurdt yn earste ynstânsje yn it Frysk opfierd. Nei 2024 wol Frets ek lanlik spylje mei in Nederlânsktalige ferzje fan Gozert. Se ha dêrfoar de rjochten krigen foar trije jier.
Foar skriuwer Koolwijk wat nijs. "Ik snap ook heel goed dat de Friese taal bewaard moet worden. Grappig dat het eerst in een andere taal is. Ik zal er wel niks van verstaan, ik heb wel een vertaling nodig."