In app yn stee fan neikontrôle by in breuk, yn it MCL en Nij Smellinghe kin it

© ANP
It MCL brekt mei har âlde breukbelied. Want wa't earder brutsen polzen en skouderbonken hie, krige gips en kaam in pear wiken letter op kontrôle foar in foto en om it gips der ôf te heljen. Mar nei sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten hâldt no ek it sikehûs MCL yn Ljouwert dêrmei op.
Pasjinten krije in brace en kinne ynformaasje fine yn in spesjale app. Yn dy app stiet wannear't de brace der ôf mei. Ek jout de app oefeningen oan dy't je dwaan moatte om alles goed opknappe te litten. Roderick Wouters is traumasjirurch yn Drachten en Ljouwert, en hat dizze nije wurkwize mei opset.
"In Nij Smellinghe zijn nu 300 patiënten op deze wijze behandeld en die doen het hartstikke goed", seit Wouters. De Virtual Fracture Care (VFC)-metoade wurdt op dit stuit yn 25 sikehuzen yn Nederlân brûkt.

Minder tiid kwyt

It brûken fan de app soarget foar in soad besparring fan tiid foar de sikehuzen. Wouters: "Mensen zijn korter op de spoed en uit onderzoek van het ziekenhuis van Amsterdam blijkt driekwart van de röntgenfoto's bij een nacontrole niet meer nodig te zijn, in Drachten was dat bijna honderd procent."
It MCL brekt mei it âlde breukbelied
Dokters ferwachtsje yn in jier tusken de 1800 en 1850 pasjinten minder op de poli of gipskeamer te krijen troch it brûken fan de app.

'Breuklijn'

Neist de app wurdt ek in 'breuklijn' ynset dêr't pasjinten nei belje kinne as bygelyks de pine oan de breuk tanimt. "In Drachten hebben daar zeven patiënten naartoe gebeld, twee daarvan moesten terugkomen en eentje kreeg gips."
Nei alle gedachten wolle ek de sikehuzen Tjongerschans op It Hearrenfean en it Antonius yn Snits op termyn dizze wurkwize ynsette.