Aris nei overtime ûnderút yn earste healefinalewedstriid play-offs

© Shutterstock
De basketballers fan Aris út Ljouwert ha woansdeitejûn bot striden, mar binne der úteinlik net yn slagge om de útwedstriid tsjin ZZ Leiden te winnen. It wie de earste yn in best-of-five tusken beide ploegen, yn de play-offs om de Nederlânske titel.
Beide ploegen wiene oan elkoar weage en dat resultearre yn in tige spannende wedstriid. It earste kwart wie mei 18-26 foar Aris, mar de rollen wiene omdraaid nei it twadde kwart. Wol mei in hiel lyts ferskil, want mei it skoft stie der 43-42 op it skoareboerd yn it foardiel fan Leiden.
De thúsploech wie ek te sterk foar Aris yn it tredde kwart (71-65). Dochs kamen de Ljouwerters goed werom yn it lêste part fan de wedstriid. Sa goed, dat it oan 'e ein 85-85 lyk stie en der ferlinge wurde moast. Leiden luts op it lêst mei 99-93 oan it langste ein yn de overtime.
Kommende freed kin Aris yn de revâns, want dan stiet yn Ljouwert it twadde duel tsjin ZZ Leiden op it programma.