Reserve troch de helte, mar gemeente Ljouwert "heeft hoofd boven water"

Wethâlder Hein Kuiken fan de gemeente Ljouwert © Omrop Fryslân
De algemiene reserve fan de gemeente Ljouwert is hast foar de helte fuort. Gie de gemeente earder noch út fan in reserve fan mear as 30 miljoen euro, no docht bliken dat dy reserve goed 16 miljoen euro is.
Dat komt nei foaren út de saneamde Voorjaarsbrief 2023 Financieel Perspectief, dy't in oersjoch jout fan de foarriedige stân fan de finansjele posysje fan de gemeente.
Wethâlder Hein Kuiken fan de gemeente Ljouwert seach it wol oankommen. Neffens him hat it benammen te krijen mei ekstra stipe oan minsken dy't bot lêst hawwe fan de hege enerzjyprizen. De need by dizze minsken, mar ek by ynstellingen, frege om aksje fan de gemeente.

Ynflaasje

It giet om it frij besteechbere part jild fan de gemeente. Neffens de wethâlder rint dizze reserve aanst wol wer op, mar net sa hurd mear as earder. De gemeente sels hat ek oprinnende kosten troch de ynflaasje en dat hat ek ynfloed. Ljouwert wit net oft en hoefolle it ryk dat kompensearje sil.
"Leeuwarden heeft nog steeds het hoofd boven water, maar de luxe is er wel een beetje vanaf", seit Kuiken. "We hoeven niet te bezuinigen maar moeten wel een beetje scherp aan de wind zeilen."