Hûndert jier âlde kûgels fûn yn in beam út 'e Rysterbosk: wa skeat se deryn?

Kûgels yn de beam út it Rysterbosk © Paul Borghaerts
In kuiertochtsje yn de Rysterbosk is útrûn op in bysûndere fynst. Dendrolooch Paul Borghaerts fûn middenyn in stik hout fan in sike beam in oantal kûgels fan mear as hûndert jier âld.
Fan It Fryske Gea krige Borghaerts de skiif fan ikehout yn earste ynstânsje om dy te ûndersykjen. De beam is kapt, omdat dy siik wie. By it spjalten fan it stik hout die bliken dat der santjin kûgelgatten yn it hout sieten.

By tafal

Borghaerts is ekspert op it gebiet fan dendrogronology, oftewol it datearjen fan hout nei oanlieding fan de jierringen. Sa besocht hy út te finen út hokker jier de kûgels komme.
Hy seach de beam by tafal lizzen yn 'e bosk. "Ik was te wandelen met mijn vrouw en bij hotel Jans, bij het Rijsterbos, zag ik een stuk van de boom liggen", fertelt Borghaerts. "Toen heb ik contact opgenomen met It Fryske Gea en mocht ik het stuk hebben."
Wa skeat kûgels yn in beam yn it Rysterbosk?
In part fan it stik beam hat Borghaerts brûkt foar ûndersyk. "Maar dan houd je stukken over voor in de kachel, die ben ik gaan splijten en toen stuitte ik op de kogels."
Nei dy fynst is Borghaerts fuortendaliks úteinset mei ûndersyk nei de fraach hoe âld de kûgels wiene. "Een kogel wordt in een boom geschoten en die boom repareert dat in 2, 3 jaar." Ut dat ûndersyk die bliken dat de kûgels nei alle gedachten tusken 1915 en 1918 yn de beam sketten wienen.

Earste Wrâldoarloch

Dat docht tinken oan de Earste Wrâldoarloch, mar doe waard hjir net fochten. Auke Hylkema fan Stichting Histoarysk Wurkferbân Gaasterlân tinkt dat it gebeurd is yn de jacht. "Der wienen hjir wol evakuees út België, mar dy hienen gjin wapens", fertelt Hylkema.
De soart kûgels komme neffens Borghaerts út in fjoerbuks, in Flobert. "Tot een meter of 20, 30 is die heel zuiver en dodelijk. Ze werden ook wel gebruikt voor de jacht op vogels."