Provinsje jout 115 miljoen euro mear út as binnenkaam is: "Dat is gjin probleem"

De provinsje Fryslân hat ferline jier sa'n 115 miljoen euro mear útjûn as binnen krigen. It measte jild gong ferline jier nei ynfrastruktuer: sa'n 204 miljoen.
Yn totaal hat de provinsje 524,7 miljoen euro útjûn, tsjin 409 miljoen oan ynkomsten. De ynkomsten komme foar it grutste part út it provinsjefûns fan it ryk, nammentlik 227,5 miljoen euro. Fierder kaam der goed 70 miljoen binnen fia de opsinten en in lytse 110 miljoen út oare boarnen, lykas rendemint en subsydzjes.
Reserves
De ekstra útjeften wurde dutsen troch de reserves fan de provinsje. Dêr is 55 miljoen euro úthelle. Dat is oant no ta is dat hiel ferantwurdlik dien, seit finansjeel deputearre Friso Douwstra. "Dat is hielendal gjin probleem. De provinsje is net fan doel in sparbank te wurden. We wolle it jild stekke yn de Fryske mienskip. Dêr ha de steaten jild foar oer, mar je moatte al rekken hâlde mei de takomst."
Minder jild
Dúdlik is dat de provinsje it yn de takomst mei minder jild dwaan moat. Dêr moat wol om tocht wurde, seit Douwstra. "Der wurdt al besunige. It is oan de partijen dy't no wurkje oan in nij kolleezje om in polityke kar te meitsjen oer wêr't se jild oan útjaan wolle."
De sparrekken fan de provinsje is noch lang net leech. Der is noch hieltyd wat jild oer fan de ferkeap fan de NUON-oandielen en der komt ek jild binnen fan bygelyks it wynpark yn de Iselmar. "We kinne noch ynvestearje", seit Douwstra. "Mar it is in politike kar oft je it belied wizigje wolle en dêrmei jild frij spylje wolle."