Ferstoarn persoan oantroffen yn Snits, plysje slút misdriuw net út

© ANP
Yn in hûs oan de Molenkrite yn Snits is tiisdeitemiddei in ferstoarne man oantroffen. De plysje is dwaande mei in ûndersyk nei de tadracht fan syn ferstjerren en slút in misdriuw net út.
Tagelyk seit de plysje dat der noch mear senario's iepen steane. De ferstoarne persoan is in man fan 41 jier dy't yn dat hûs oan de Molenkrite wenne.
It ûndersyk fan de plysje bestiet út ûnder oare spoare-ûndersyk yn it hûs en in buertûndersyk. Se freegje ek oft minsken dy't wat opfallends sjoen of heard ha, har melde wolle.