Fûgelgryp by kobben hat Fryslân berikt, earste groepen kadavers fûn

De deade kobben yn Schilkampen wurde romme © Omrop Fryslân
De earste groepen kadavers fan kobben binne yn Fryslân oantroffen. Bûten Fryslân grypte de fûgelgryp al om him hinne ûnder kobben, no hat it firus ek yn elts gefal trije gebieten yn ús provinsje berikt.
Yn it gebiet Schilkampen yn Ljouwert binne seker twahûndert kadavers fûn op in koloanje fan tûzen. Mannen yn wite pakken binne dêr oan it romjen. Yn de Vrieswykpolder by natuergebiet De Deelen binne mear as hûndert kadavers fûn.
It Fryske Gea is woansdei ek al dwaande mei it opromjen fan kobben yn de koloanje yn de Grutte Krite by de Alde Feanen.
No ek fûgelgryp by kobben yn Fryslân
Oft de fûgelgryp de koloanje djipper yn De Deelen ek berikt hat is net dúdlik. Troch it briedseizoen kin Steatsboskbehear it gebiet net berikke.
Kobben komme yn it hiele lân foar en sitte faak mei in soad fûgels byinoar op eilantsjes yn sompe en iepen wetter. Yn eardere jierren ferdwûn it firus yn de maitiid, mar it is no de twadde kear dat de fûgelgryp 'oersimmeret'.
© Omrop Fryslân
Natuerbehearders hâlde yn de tuskentiid har hert fêst. Yn it Hegewiersterfjild fan Natuurmonumenten tusken Harns en Kimswert sitte in twatûzen briedpearen. "It fljocht allegear noch, it makket leven", seit natuerbehearder Sander Veenstra. "Se sitte op 'pikorde' fan inoar, alle eilantsjes fol mei briedende kobben. Mooglik geane se der allegear oan."
Alle dagen riidt Veenstra der lâns, om te sjen hoe't it derfoar stiet. "Eltse kear tinkst wer: soenen se no lizzen bliuwe? Dan rydst hjir hinne en komme de fûgels omheech en dan tinkst: hee, se fleane allegearre noch."
Natuerbehearder Sander Veenstra fan Natuurmonumenten © Omrop Fryslân
De protokollen binne klear. It is de bedoeling dat kadavers sa gau as mooglik fuorthelle wurde. Sels hat Veenstra it beskermjende pak al yn de auto lizzen. Maklik wurdt it romjen net, tinkt er, want de bûnte wilster (bontbekplevier, red.) briedt ek yn it gebiet.
"Dy aaien komme aansens ek út", seit Veenstra. "De pykjes binne sa grut as in tomme en as wy troch it gebiet hinne rinne mei grutte learzens oan, dan is dat net goed foar dy pykjes."
It is ôfwachtsjen wat de gefolgen fan de útbraak binne op de populaasje, seit er. "Ferline jier hienen we de útbraak ûnder de klikstirnsen (grote stern, red.). No kinne we sjen wat der weromkaam is en wat der oer is fan de koloanje. Ik ha der noch gjin sicht op, mar ik hâld it hert fêst."
© Omrop Fryslân