Ree soarget foar panyk yn kleanwinkel: dit is wêrom't se opdûke op ûnferwachte plakken

Ree yn de winkel op It Hearrenfean © Kleanwinkel Van der Kam
Grutte skrik moandeitemiddei yn kleanwinkel Van der Kam yn it sintrum op It Hearrenfean: dêr stie ynienen in jonge reebok binnen. It bist wie folslein yn panyk en botste tsjin spegels en kleanrekken oan. Mar hoe bedarret in jonge reebok middenyn it drokke sintrum fan in plak as It Hearrenfean?
Neffens reeënsaakkundige Herzo van der Wal fan Kennissintrum Reeën yn Vorden leit it oan de tiid fan it jier. De reeën binne drachtich en smite jongen. De memmen ha gjin tiid foar de jonge reebokken. De puberjende reebokken gean der op út om in eigen territoarium te sykjen.
De perioade dat se de wide wrâld yn sille, duorret fan ein maart oant begjin juny, mar it hichtepunt is no. It kin wêze dat se yn it territoarium fan in oare reebok komme, en fjochtsje moatte foar in eigen plak.

Jonge ree foar de auto

De ferliezer naait út en siket in oar plak. Dêrom dûke se ek op op plakken dêr't je se net ferwachtsje. De jonge reeën besykje dêrneist kanalen en diken oer te stekken. Yn guon gefallen kinne se net út it wetter komme en fersûpe, at se net rêden wurde troch de brânwacht.
© ANP
Ek de kâns dat je in jonge ree foar de auto krije, is yn dizze perioade grutter as gewoanwei. Natuerbehearders freegje mei kampanjes oandacht foar dit probleem. Dwalende reeën komme ûnderweis noch mear problemen tsjin: sa reitsje guon mei de kop fêst yn de spilen fan stekken.

Bliuw rêstich

Mocht je yn in situaasje komme lykas de meiwurkers fan de kleanwinkel op It Hearrenfean, dan is it devys om rêstich te bliuwen, seit Van der Wal. ''Doe de deuren open en ga achterin de winkel staan. Ga vooral niet hard schreeuwen, want een ree is een heel stressvol dier, en met schreeuwen neemt die stress alleen maar toe.''
It binne grutte, sterke bisten, dy't wend binne om hege sprongen te meitsjen. Se kinne ek hurd skoppe. ''Mocht het niet lukken om het dier rustig te krijgen, probeer dan een doek over de kop te gooien, zodat het niets ziet of hoort. Het dier wordt dan vanzelf rustiger. En alarmeer de hulpdiensten, zoals politie en dierenambulance. In geval van een ree die het water niet uit komt, kan de brandweer het gestrande dier redden.''