BOA's yn Ljouwert bedrige mei 'pepper-pistoal'

Plysje © ANP
Meiwurkers fan de hanthavening binne op de Froskepole yn Ljouwert bedrige mei pepperspray. Dat barde nei't sy tiisdeitemoarn de identiteit fan in 28-jierrige man sûnder fêst wenplak fêststelle woenen.
It wie lyk dúdlik dat e man net meiwurkje woe. De man luts in 'pepper-pistoal' en rjochte dizze op de hanthaveners, ek drige er mei pepperspray. Doe't de plysje te plak kaam, sloech it gedrach fan de man om en wurke er wol mei.
De man is oanholden en krijt in proses ferbaal foar it hawwen fan pepperspray. Ek is der twa kear oanjefte dien foar bedriging.