Bewenners Tsjom wolle aksje fan gemeente, want fearten lykje suver grientesop

De planten komme hast boppe it wetter út en de skroef leit op de grûn © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Yn Tsjom steane de skroeven út. De boaten kinne dêr hast net mear troch de Tsjommer Feart en Aldmear hinne. Bewenners wolle dat de gemeente de fearten oanpakt.
De djipte fan de fearten leit no op ûngefear 70 á 80 sintimeter. Op guon plakken is it foar de boaten te heech, is it reid al groeid oant de helte fan de feart en rinne de motoaren fêst troch planten yn it wetter. Bewenners fan Tsjom hawwe ferskate kearen der op oantreaun by de gemeente om it oan te pakken, sûnder resultaat.
De fearten lykje suver grientesop
De gemeente Waadhoeke wiist nei it Wetterskip, mar it Wetterskip seit dat sy by dit soarte putten útfiere wat gemeenten opdrage. "Wy fiele ús hieltyd fan it kastje nei de muorre stjoerd", seit Tsjommer Jeroen Nijdam, "It is net mear begeanber. Boatsjes, kano's, suppers. It giet allegear rjochtsomkeard." Nijdam hat kontakt mei ferhierbedriuwen út de omkriten, dy helje dizze rûte fan de kaartsjes ôf om skea foar te kommen.

Gjin ferbettering

Offisjeel binne de fearten gjin farrûtes. "Hjirachter stiet de molkfabryk, dit wie in molkerûte. Eartiids kamen der grutte skippen troch de fearten. Der wurde wol brêgen ophege, mar it is noch hieltyd gjin farrûte. It giet om in gigantysk stik wetter yn Fryslân. It giet om Spannum, Lollum, Winsum. Allegear doarpen dy't hjirfan te lijen hawwe", seit Nijdam.
Jeroen Nijdam fan Tsjom © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Yn 2022 hat de gemeente in brief stjoerd mei de belofte om de fearten te meanen. Neffens de Tsjommers is it net bard, of hat it meanen gjin effekt hân. Se dogge dan ek mei klam in oprop om de fearten út te graven. Net allinnich meane, want dat komt wer op 'e boaiem te lâne, sizze de ynwenners.

Boateigeners moatte fierder fuort

Moatte de Tsjommers dan net in oar plak sykje om de boat yn it wetter te litten? "Dat kinne je sizze, mar ik fyn it in grut ferskil dat hjir altyd al boaten farren hawwe", seit Tsjommer Jacob Bosch.
Jacob Bosch fan Tsjom © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
"Dat wie beropsfeart. De namme 'Aldmar' seit al genôch oer de grutte. Wy libje yn Fryslân Wetterlân. It is jammer dat sokke moaie farrûtes foar bygelyks sloepen, der sa min oan ta binne dat farders nei Snits, Boalsert, ensafuorthinne moatte."
Gemeente Waadhoeke hat yn in reaksje witte litten de oprop te begripen: sy kine it har foarstelle dat it der net moai útsjocht en dat der net in soad gebrûk makke wurde kin fan de fearten. De kwestje is al in skoft by de gemeente bekend, mar it knyppunt is neffens Waadhoeke dat it doel fan de fearten it trochlitten fan wetter is. Dêr heart gjin ûnderhâld by dat it farren makliker makket.
De fearten binne eigendom fan Waadhoeke (Tsjommer Feart) en Wetterskip Fryslân (Aldmear). De gemeente ûndersiket wol oft bepaalde fearten foar breder gebrûk geskikt wêze kinne, mar dêr moat de ried earst oer beslute.