Nelleke IJssennagger krijt KNAW-takenning en 10.000 euro foar ûndersyk

Nelleke IJssennagger © Jacob van Essen
Direkteur en ûndersiker Nelleke IJssennagger fan de Fryske Akademy hat in 'Early Career Partnership' fan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW) krigen.
Dizze takenning is foar ûndersikers dy't by in universiteit of ûndersyksynstitút wurkje en dy't net langer as sân jier lyn promovearre binne.
IJssennagger promovearre yn 2017 op in proefskrift oer Frisia, it kustgebiet tusken Zwin en Wezer yn de Fikingtiid. Dizze kuststrook wie destiids mear ferbûn mei de Fikingwrâld om de Noardsee hinne as dat de wittenskip earder tocht, benammen mei Ingelân en Denemarken.
IJssennagger hat ek 10.000 euro krigen om ynnovative ideeën of metoaden foar ûndersyk te ferkennen en mei in gearkomste organisearje út ferskate wittenskiplike dissiplinen wei.

De kust ferbynt Fryslân mei de wrâld

Yn it gefal fan IJssennagger giet it oer it sintraal stellen fan it kust- en tijgebiet as ûndersykstema. Sy neamt it in 'lânskip fan lagen fan betsjutting.' Sy wol dêrby graach gearwurkje mei professor Theunis Piersma fan BirdEyes, it sintrum foar ûndersyk op it mêd fan klimaatferoaring.
"Dit tema ferbynt Fryslân mei de hiele wrâld", seit se. IJssennagger is wakker grutsk mei de takenning. It KNAW hopet dêrmei ûndersikers oan it begjin fan harren karriêre te stimulearjen om gear te wurkjen en om ta nije ynsichten te kommen.