Groep skopt slachtoffer tsjin it gesicht op It Hearrenfean, seis fertochten oppakt

In plysjeman © ANP
De plysje hat ôfrûne wike seis fertochten oanholden fanwegen in mishanneling fan in minderjierrige jonge op It Hearrenfean. Dy waard nachts nei in fuotbalwedstriid tsjin it gesicht skopt.
De mishanneling wie op 22 april, nei in fuotbalwedstriid tusken sc Hearrenfean en FC Emmen yn it Abe Lenstra Stadion. It wie dy nacht ûnrêstich yn it sintrum: neffens de plysje wiene der meardere 'konfliktsituaasjes.' Mooglik kaam de mishanneling út sa'n situaasje wei, earder yn de nacht.

Jonge fertochten

In minderjierrige ynwenner fan de gemeente Hearrenfean waard tsjin it gesicht skopt, nei't er op 'e grûn fallen wie. It slachtoffer rûn dêrby letsel op.
De plysje hat seis fertochten oanholden: twa minderjierrige jonges en fjouwer manlju tusken de 18 en de 25 jier út Hearrenfean en De Fryske Marren. Der is fuortendaalks in ûndersyk opset nei it geweldsynsidint.

Net mear fêst, wol fertocht

Der is mei belutsenen en tsjûgen praat en de plysje hat kamerabylden besjoen. Ut dat ûndersyk binne de seis fertochten kaam, dy't ôfrûne wike oanholden binne op fertinking fan iepenlike geweldpleging yn feriening, mar ek foar swiere mishanneling.
Alle fertochten binne yntusken heard. Sy sitte net mear fêst, mar bliuwe fertochten. De plysje is hast klear mei it ûndersyk en der wurdt in proses-ferbaal opmakke. It Iepenbier Ministearje beslist oer it ferfolch.