HEA! LEGO-beurs op De Gordyk

HEA! LEGO-beurs
Dennis Visser syn grutte hobby is LEGO, en alles wat dêrmei te krijen hat. Hy bout, keapet, ferkeapet en organisearret beurzen. Op De Gordyk komme alle LEGO-fanaten byinoar: it is ien grutte famylje.
Acht jier lyn kocht Dennis syn earste Star Wars-pakket fan LEGO en sûnt dy tiid is it ûntploft. Hy gie hielendal los en kaam der al gau achter dat it in soad jild kostet. Dêrnei begûn hy mei de hannel yn LEGO en it organisearjen fan beurzen om dêr wat ekstra jild mei te fertsjinjen.