Provinsje Fryslân freget 4,5 miljard fan it Ryk foar oanpak stikstof en ferbettering natuer

It eilantsje De Frije Gerzen by Twellingea oan de Langsturtepoel © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De provinsje Fryslân freget 4,5 miljard euro fan it Ryk om it gebrûk fan it lân yngreven te feroarjen. Dat stiet yn it Frysk Programma Landelijk Gebied (FLPG), in fyzje op de takomst fan it Fryske plattelân.
It Ryk hat 24 miljard yn in transysjefûns klear lizzen. Dat jild is foar alle provinsjes, mar Fryslân wol dêr dus in grutte hap út nimme.
De provinsje moast it programma foar 1 july oanleverje by it Ryk, as ûnderdiel fan it nasjonaal programma. Yn it rapport steane de ambysjes foar de kommende jierren op it mêd fan stikstofreduksje, wetterkwaliteit en metaanreduksje. It wichtichste ûnderdiel fan it programma is de stikstofopjefte.
As it oan de provinsje leit, moatte alle sektoaren nei ferhâlding bydrage oan it werombringen fan de stikstofútstjit. Dat binne benammen lânbou, yndustry en ferkear.
© Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
De provinsje giet út fan trije fazen by de oanpak. Faze ien sjocht de provinsje as 'no' (oant 2026). Dêryn wurde besteande trajekten folge, lykas it Feangreideprogramma en de oanpak fan de wetterkwaliteit.
It Frysk Programma Landelijk Gebied is presintearre, mei de stikstoffoarstellen fan ús provinsje
De twadde faze rint oant en mei 2035. Dêryn wurdt ûnder oare de stikstofútstjit oanpakt. De provinsje fart wol in oare koers op dit mêd. De klap moat troch de folsleine provinsje opfongen wurde, wêrtroch it súdeasten fan de provinsje minder hurd rekke wurdt.

De natuer yn it súdeasten

Deputearre Steaten giene earder noch út fan 25 persint stikstofreduksje yn Fryslân. Mar foar it súdeasten soe nochris 50 persint ekstra jilde, fanwegen stikstofgefoelige natuergebieten as it Drents-Friese Wold, it Fochtelerfean en de Keale Dunen.
It Fochtelerfean © Shutterstock.com (Olha Rohulya)
Mar as de oare parten fan Fryslân mear stikstof redusearje kinne, hoecht Súdeast-Fryslân minder stikstofútstjit te beheinen as earder tocht. De provinsje giet derfan út dat de stikstofútstjit dit jier al mei sa'n 20 persint ôfnimt fanwege it ferdwinen fan de derogaasje.
Boeren meie troch it ferlies fan derogaasje (dat Nederlân in útsûnderingsposysje joech) minder stront útride en dêrtroch wurdt de stikstofútstjit fansels minder, sa is de ferwachting op it Provinsjehûs.

Eltse boer in eigen stikstofdoel

De lânbousektor moat njonken de reduksje troch it ferlies fan derogaasje sels ek nochris 25 persint stikstofútstjit beheine. Dat is mooglik troch oanpassingen yn de bedriuwsfiering (sa't de noardlike provinsjes sels al foarstelden), troch ekstinsiver te buorkjen en ek troch ynnovaasjes op de boerebedriuwen.
De provinsje wol hjirfoar elts bedriuw in stikstofreduksjedoel meijaan, dat ek metten wurdt. Dêr is lânbou-organisaasje LTO Noord foar in part bliid mei. "Wy fine it wichtich dat der no nei boeren sels sjoen wurdt", seit foarsitter Trienke Elshof.
"Net eltse boer kin like folle ynleverje en dus is dat praten yn persinten gjin dwaan", sa seit sy. "Earst wurdt alles mei de siferkes mar besjoen, mar sa simpel is it net. Dus dat is wol moai."
Trienke Elshof fan LTO Noord © Omrop Fryslân
Dochs fynt LTO dat de opjeften net te grut wurde moatte. "In boer moat úteinlik ynleverje, dat is wol in probleem."

"Net genôch"

Neffens de Friese Milieu Federatie is it rapport in stap yn de goeie rjochting, mar noch net genôch. "Wy steane der wat dûbel yn", seit direkteur Hans van der Werf.
Direkteur Hans van der Werf fan de Friese Milieu Federatie © Omrop Fryslân
"Der wurde in pear stappen set, mar dy binne noch net genôch. De provinsje lit in pear kear in kar lizze. Der binne in oantal doelen op it mêd fan it klimaat dy't no net goed delset wurde. As it giet om de útstjit fan CO2 troch kij yn feangreidegebieten, moat de provinsje in kar meitsje om hokker wize fan lânbou sy ha wolle yn it gebiet. De provinsje leit dat eins by de gebieten sels del en de minsken dat dwaan litte soarget ek wer foar problemen."

It lêste wurd is oan de Steaten

It Frysk Programma Landelijk Gebied is no noch in konsept fan Deputearre Steaten. Provinsjale Steaten sille dit earst beprate op 31 maaie en sy hawwe it lêste wurd.
De provinsje sjocht 2035 as eindatum foar de stikstofdoelen. It kabinet wol dat yn 2030 de stikstofútstjit by Natura 2000-gebieten mei 74 persint redusearre is, mar dat is neffens deputearre Douwe Hoogland net realistysk. Mar hy seit wol: "De Fryske stikstoftekken moat tinner wurde."
Deputearre Douwe Hoogland © Hoge Noorden / Jacob van Essen
De Friese Milieu Federatie kiest derfoar om net oer jiertallen te sprekken. "Wy prate al fjouwer jier oer dizze problematyk", seit Van der Werf. "Der bart net in soad en yntusken giet de natuer efterút. Wy wolle dêrom no gewoan oan de slach. Dat is wichtiger as prate oer jiertallen."

It nije kolleezje

De provinsje kin it programma pas takom hjerst definityf fêststelle as it Ryk dêrmei ynstimt. It is dan oan it nije kolleezje fan Deputearre Steaten fan BBB, PvdA, CDA en ChristenUnie om mei it nije programma oan de gong te gean. Yn 2024 moat it plan definityf foarlein wêze oan it Ryk.