FNV skrast aksjes by Philips, partijen wer yn petear

FNV skrast alle stakingen by Philips foarearst. It fakbûn hie foar dizze en takom wike aksjes op de aginda te stean, mar set dy net troch. De partijen binne wer yn petear.
It fakbûn skriuwt dat der "toenadering plaatsgevonden heeft tussen Philips en de FNV, waardoor we aanleiding zien om met de werkgever aan tafel te gaan en de gesprekken te hervatten."
Op de lokaasje yn Drachten stie foar moandei 15 maaie in aksje op de planning. De aksjes hienen de earste stakingen by Philips yn 20 jier west.