PvdA draacht Jelle Zoetendal foar as kandidaat-deputearre

Jelle Zoetendal © Omrop Fryslân
Jelle Zoetendal is foar de PvdA de kandidaat-deputearre yn it nije Fryske provinsjebestjoer. Dat hat fraksjefoarsitter Edou Hamstra tiisdei bekend makke. Zoetendal is op it stuit noch wethâlder yn de gemeente Hearrenfean.
"Mei in soad kandidaten mei brede kennis en ûnderfining hienen we in goede útgongsposysje", seit Hamstra. "Njonken in soad ynhâldlike kennis en bestjoerlike ûnderfining sochten we spesifyk in kandidaat mei in breed netwurk dy't tictht by de Fryske ynwenners en polityk stiet en dy't ek it paad nei Den Haag en Brussel wit te finen."
Zoetendal is 46 jier âld en wennet op It Hearrenfean. Hy wie dêr de ôfrûne njoggen jier wethâlder. Zoetendal is de twadde kandidaat-deputearre dy't bekend wurden is. Earder waard al bekend dat Femke Wiersma ien fan de kandidaat-deputearren út namme fan de BBB is.
Wat syn takomstige portefúlje wurdt, wit Zoetendal noch net. Hy hat oant no ta net by de ûnderhannelingen west. Hy jout wol oan bliid te wêzen mei it betrouwen yn him en hy sjocht it as in kân om him yn te setten foar de hiele provinsje. Hy hopet meiprate te kinnen en hat der noch gjin sicht op wannear't er sels oanskoot by de petearen.
Der wurdt noch folop ûnderhannele om ta in provinsjale koälysje te kommen. BBB Fryslân fiert dy petearen as grutste partij oan en praat njonken mei de PvdA ek mei CDA en ChristenUnie. Oebele Brouwer begeliedt it proses as formateur.