Liveblog | 10 maaie 2023

Dit wie de keninklike besite oan Flylân en Skylge

Kening Willem-Alexander en keninginne Máxima dogge hjoed Skylge, Amelân en Skiermûntseach oan. Se besykje bysûndere lokaasjes en geane yn petear oer saken dy't spylje op de eilannen.

  • Woansdei sil it pear fierder nei It Amelân en Skiermûntseach;
  • Kening Willem-Alexander wie yn 2019 foar it lêst op de Waadeilannen, dat wie doe sûnder Máxima.
Lêst bywurke: 10 maaie 2023, 08:30
woansdei 10 maaie 2023
08:30

Nij liveblog

© ANP
Hjoed giet it keninklik pear dus nei It Amelân en Skiermûntseach. We geane fierder yn in nij liveblog.
We slute no dizze ôf, tank foar it folgjen!
08:16

Fol programma foar it keninklik pear

De dei foar de kening en keninginne stiet op it punt fan begjinnen. Nei in nacht op it skip 'De Groene Draeck' sil it earste besyk by it maritym ynstitút Willem Barentsz plak fine. Ferslachjouwer Lennard Geerts sjocht dat sa'n 40 studinten yn uniform in earehaach foarmje rjochting de yngong. It waar liket oant no ta better as juster: mistich mar drûch.
Op it ynstitút prate de kening en keninginne oer it skipfeartûnderwiis en de Waadsee as beskerme gebiet.
Oan de ein fan de moarn reizgje sy fierder nei it Amelân, dêr giet it oer de berikberens fan it eilân en de fargeul. Fierder praat it pear mei natuerbehearders en fertsjinwurdigers fan de toeristyske sektor.
It lêste eilân fan de besite is Skiermûntseach. Dan binne boeren oan de beurt, sy prate oer de suvelkoöporaasje dy't opset is op it eilân. Dêrnei is op in ambulânsepost in petear oer de sûnenssoarch, praat it pear mei mûntsen, en wurdt in besyk brocht oan de iennige supermerk fan Skiermûntseach.
07:24

Direkteur museum Tromp's Huys Flylân ûnder yndruk fan keninklik pear

De kening en keninginne ûntbleatsje in plaquette yn museum Tromp's Huys op Flylân © ANP
Peter Schalk, direkteur fan it Tromp Museum op Flylân, hie der spesjaal in nij pak foar kocht en it museum wie ekstra skjin makke. Dat allegear foar de besite fan kening Willem Alexander en keninginne Maxima.
Hy sjocht foldien werom op de besite: "Voor het museum was het fantastisch, het paar was heel leuk, open, vriendelijk. Ik was onder de indruk van hun voorbereiding en interesse. Ik geloof niet dat het beter had gekund."
De kening makke neffens him noch in moaie opmerking doe't hy in plaquette ûntbleatsje mocht: "Hij zei: dertig jaar geleden was ik hier ook maar toen mocht dit niet en nu wel." Schalk moast syn rûnlieding en praatsje yn 20 minuten dwaan, "Dat werd 21 minuten, maar de koning en koningin gaven gelukkig het idee dat ze alle tijd hadden."
tiisdei 9 maaie 2023
22:31

Oant safier!

Keninginne Máxima en kening Willem-Alexander © ANP
Dit wie de Keninklike blog fan tiisdei! Moarn binne wy der wer. It programma begjint dan by it maritym ynstitút Willem Barentsz, dêr't se ûnder oare yn petear sille mei studinten oer it belang fan skipfeartûnderwiis. Mar it wurdt in drokke dei, want ek It Amelân en Skiermûntseach steane op de aginda. Oant moarn!
22:17

Máxima wol wol mear Frysk teäter sjen

It pear yn petear mei minsken fan Tryater © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Nei de foarstelling spruts de kening mei de organisaasje fan Oerol en Tryater. Artistyk direkteur Tatiana Pratley is te sprekken oer it ferrin fan de foarstelling. "Dat wie wol echt geweldich, moat ik sizze. Wat in enerzjy yn de seal. It gie tige goed. Wy hawwe net lang oefenje kinnen. It wie geweldich dat it sa moai ferrûn en dat wy it ferhaal fan Tryater en Oerol sa moai fertelle koene."
Sy wiene hiel entûsjast, fertelt sy. "Máxima woe wol mear sjen. En sy woe witte hoe't wy yn Fryslân wurkje en dêr teäter meitsje. Sy woene graach begripe wat teäter yn Fryslân betsjut."
Ek foar Oerol-direkteur Siard Smit wie it in bysûndere moeting, al wie it net de earste kear. "Twee jaar geleden hield de koning een aantal Zoom-gesprekken in coronatijd om te kijken hoe het met de festivals ging. Daar waren wij ook bij. We hebben niet te klagen over de aandacht die we krijgen. Het is een erkenning: dat je er toe doet, belangrijk bent. Dat is altijd fijn."
21:47

Willem Club jout earelid in flagge

It is in bysûndere jûn foar de Willem Club Terschelling, dy't bestiet út manlju mei de namme Willem op Skylge. Sy mochten harren earelid wolkom hjitte: kening Willem-Alexander.
"We hebben een eigen vlag, die wappert als iemand jarig is of als er een mooi moment is", sa fertelt Willem Andries Cupido fan Skylge, op it eilân better bekend as Flang. "De koning is al jaren erelid, maar nu is hij er zelf ook van verwittigd dat hij erelid is."
Ut namme fan de klup is in flagge oan de kening jûn. "Hij zal de vlag gaan wapperen op de laatste zondag in augustus, want dan is het officieel Willemendag. Dan hangt-ie op het paleis, dat hebben we afgesproken. Prachtig, ik ben helemaal blij. Heel veel Willemen hadden de vlag buiten hangen vandaag, we zijn zeer op onze vorst gesteld."