Fytser slim ferwûne rekke by ûngelok yn Ljouwert

© Kappers Media
By in ûngelok op de Heliconwei yn Ljouwert is fan 'e moarn in fytser slim ferwûne rekke. By it oerstekplak op de Nicolaas Beetsstrjitte waard de fytser skept troch in taksybuske.
De fytser bedarre troch de klap meters fierderop op de dyk. De helptsjinsten rukten manmachtich út, ek it traumateam waard ynset. In helikopter is op de Wâldwei lâne om help te ferlienen. De fytser is nei it sikehûs brocht.
De plysje ûndersiket de tadracht fan it ûngelok, de dyk hat in skoft ôfsletten west.