Aldste printe Fryske boek 'Freeska Landriucht' presintearre mei Ingelske oersetting

Han Nijdam fan de Fryske Akademy is sa bliid as in protter mei it boek 'Frisian Land Law' © Omrop Fryslân
Troch in nije publikaasje fan it âldste Fryske boek 'Freeska Landriucht' fan 1485 mei in oersetting yn it Ingelsk kinne no folle mear minsken yn 'e kunde komme mei it Aldfrysk en mei de âldfryske wetsteksten. Dat seit histoarikus Han Nijdam fan de Fryske Akademy.
It boek 'Frisian Land Law' waard moandei presintearre by Tresoar. De twatalige útjefte hat wol sa'n tsien jier ûnderweis west.
'Freeska Landriucht' befettet njonken de Aldfryske teksten ek in soad glossen, ferklearjende oantekens fan brûkers fan it boek, yn it Latyn. Ek dy binne allegearre oerset troch professor Hylkje de Jong fan de Vrije Universiteit en emeritus heechlearaar Jan Hallebeek.
Aldste printe Fryske boek 'Freeska Landriucht' presintearre mei Ingelske oersetting
De Jong is út de skroeven mei de útjefte. "Dit is voor mij echt een feestelijke dag. Het is een feestelijke dag voor het Fries, maar ook voor de rechtsgeschiedenis." De Jong is grif fan doel om de nije twatalige útjefte 'Freeska Landriucht/Frisian Land Law' te brûken by har kolleezjes rjochtsskiednis en ek as tentamenstof.

Fergees del te heljen

Om de kosten hoecht it net oer te gean, want njonken in prizige papieren edysje is it boek ek beskikber as fergeze download op de webside fan útjouwer Brill. Wat De Jong oangiet, is it ferskinen fan it boek net de ein fan it wurk oan 'Freeska Landriucht'.
"Nu alles digitaal beschikbaar is, kunnen we wetsteksten en ook alle aantekeningen veel beter onderzoeken." De Jong kaam al in pear nijsgjirrige foarbylden tsjin fan dûbele boetes foar húsfredebrek en mislediging, dy't om neiere stúdzje freegje.
Tresoar is yn it besit fan trije eksimplaren fan it Freeska Landriucht út 1485 © Omrop Fryslân
It meitsjen fan de oersetting foel Nijdam noch net ta. "De teksten binne dreech. It wie foaral hiel dreech om se foar it earst oer te setten yn it Ingelsk, want dat wie noch net earder dien."
Eardere oersettings fan de Aldfryske teksten wiene meastentiids yn it Dútsk, mar dêr kin it hjoed-de-dei net mear mei ta, mient Nijdam. "Sa't yn de midsiuwen it Latyn de lingua franca wie, is it Ingelsk dat no."
Ek fanwege de taal is de nije útjefte neffens Nijdam fan belang. "It Frysk is de neiste sibbe fan it Ingelsk. Fierder is it ek hiel moai, argaysk lânseigen rjocht. Troch dizze publikaasje wurdt it no makliker om dat te fergelykjen mei oare lânseigen rjochten út bygelyks Skandinavië. Dat is hiel wichtich." Yn de midsiuwen jilde yn hast hiel Europa it Romeinske rjocht. Mar de 'sân Fryske seelannen' fan West-Fryslân yn Noard-Hollân oant Noardfryslân hiene harren eigen rjocht.

Frije Friezen

Ek de Fryske Akademy hat noch wol in stikmannich fragen oer it 'Freeska Landriucht'. "Wy wite noch hieltiten net wêr't it printe is en wêrom", fertelt Nijdam. "De teksten wiene yn 1485 al âldfrinzich, mar se wiene wol wichtich as utering fan de Fryske identiteit. Wy binne frije Friezen, want wy hawwe ús eigen rjocht."