Douwstra mei santich jier noch net klear yn de teäters: "It is noch fierstente moai"

Gurbe Douwstra © Steven Zwart
Gurbe Douwstra wurdt takom jier santich, en dat fiert hy op in hiel spesjale wize. De Drachtster sjonger en lietskriuwer hat nammentlik besletten dat er syn santichste jierdei mei it publyk fiere wol. Dêrom hat er in spesjaal teäterprogramma betocht.
"It doel is dat it publyk dat by dy foarstellings komt, it gefoel hat dat se by my op de jierdei binne", fertelt Douwstra.
Oars as by syn eardere teätershows, is dat it gjin typyske teäterfoarstelling wurde sil. Dêr't er earder wiidweidige teäterteksten brûkte, sil it no benammen om koarte ferhalen en anekdoaten gean. Hjirby is de ferwachting al gau dat it 'the greatest hits' wurde sille. Dat is net hielendal wier, fertelt Douwstra. "It binne net allinnich mar greatest hits, mar dy sitte der wol ien fansels."

Laits en trien

Wol sil it in teätertoer mei in laits en in trien wurde. "Krekt sa is it libben is, mei ups en downs." Dochs hoege besikers harren gjin soargen te meitsjen dat se mei triennen nei hûs gean sille. "It bliuwt in feestje en eltsenien giet fleurich nei hûs", fersekeret Douwstra.
Mei 70 jier binne je net mear de jongste, en dus komt ek de fraach nei foaren: is dit de lêste teätertoer? Dêr hat Douwstra in hiel dúdlik antwurd op. "Nee, dit is absolút net myn lêste, ik sil der mei trochgean salang't it fysyk mooglik is om te spyljen en te sjongen. Ik fyn it noch fierstente moai om te dwaan."
De toer sil yn de hiele provinsje te sjen wêze, likegoed yn teäters as yn lytsere sealen. Douwstra giet sels in kear de grins oer, nei de Grinzer Pein. De show is te sjen fan 13 jannewaris ôf en rint troch oant begjin maaie.