Feanster ferkearsoertrêders op gefoelige plaat fêstlein: "100 prosint hanthavening"

Auto's en scooters soargje foar oerlêst yn it sintrum fan It Hearrenfean. Dat wylst se dêr al lang net mear komme meie. Fan 1 maaie 2023 ôf registrearret in nij kamerasysteem oertrêders dy't wol it sintrum yn ride.
Al sûnt 2007 jildt it ferbod foar auto's en scooters yn it sintrum. Ferkear mei allinnich fan moandei oant freed tusken 07.00 en 12.00 oere lade en losse. "Dat hienen we mei pealtsjes regele dy't út de grûn wei kamen", seit wethâlder Jelle Zoetendal. "Mar dat wie al in skoft stikken. No hawwe wy dit systeem fûn, dat soarget foar 100 prosint hanthavening."
"De kamera giet allinnich oan yn de tiden dat je hjir net komme meie mei de auto of scooter", seit de wethâlder. Dochs binne der regelmjittich noch oertrêders. "Wy fernimme fan winkellju dat se it ferfelend fine dat der safolle auto's yn it sintrum binne."

Mei de kamera is dat dus makliker te hanthavenjen, seit Zoetendal: "Yn prinsipe moatte je lade en losse binnen de beskikbere tiden. Wa't dêrnei yllegaal it sintrum yn rydt, wurdt op de foto set. In BOA beoardielet de foto en as hy ien sjocht dy't dêr net ride mei, krije dy in boete thús."
Foar likegoed de gemeente as de ynwenners is maaie noch in perioade om oan it nije systeem te wennen. "Eartiids koe it fansels noch, ek al mocht it net. Dus no warskôgje wy earst noch. Fan 1 juny ôf skriuwe wy fuortendaliks in boete út."

Bygelyks taksys en brommobilen mei in blau kenteken kinne it sintrum noch wol yn. De gemeente sjocht noch oft der ferlet is fan ekstra útsûnderingen: "In pear ûndernimmers hawwe it foar it berop nedich om letter by de winkel komme te kinnen. Wy binne yn oerlis mei harren. Sa hawwe bygelyks in oantal bewenners in ûntheffing, miskien kinne ûndernimmers dy't foldogge oan de easken, dat ek krije kinne."
Fan 1 juny ôf wurde der dus aktyf boetes útdield. Foar in auto is dat 110 euro, foar in scooter mei in giel kentekenplaat 75 euro.