Stoepkryt moat oerstek yn Ljouwerter binnenstêd feiliger meitsje

De oerstek fan de beide 'Oosterstraten' yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Winkellju fan de 'Oosterstraten' yn Ljouwert binne hielendal klear mei de ferkearssituaasjes om harren bedriuwen hinne. Se fine de situaasje no libbensgefaarlik om't der gjin sebrapaad tusken de beide strjitten oer de Twibaksmerk leit. Takom wykein fiere se aksje.
Se wolle bern dan in grut hinkelblok tekenje litte op de dyk dêr. Se hoopje sa de oandacht fan de gemeente te lûken en sa in feiligere kuier-winkelstrjitte te kreëarjen.

Fytsers ek in probleem

Der is no sprake fan 'shared space'. Fuotgongers soene foarrang krije moatte fan auto's. Dat is lang net foar eltsenien dúdlik. It binne faak de fuotgongers dy't ynhâlde moatte.
In oar probleem binne de fytsers yn de Nije en de Alde Oosterstrjitte. Tusken njoggen oere moarns en njoggen oere jûns is dat ferbean. "Dat moet afgelopen zijn", seit Baukje de Vries. Sy is ien fan de ûndernimmers dy't takom wykein aksjefiere wol. "Er is nog nooit een zwaar ongeluk gebeurd maar dat is echt een kwestie van tijd."
Undernimmers ha it leafst hielendal gjin auto's op de Twibaksmerk © Omrop Fryslân
Undernimmers dêr trunje al jierren oan op maatregels. "Het liefst zou ik hier een echte zebra getekend zien, of een slak. Dat de automobilisten dat zien en de boodschap meekrijgen dat dit geen racebaan is. Het past alleen niet in het straatbeeld krijgen wij dan te horen."

Autofrij

Reden foar de ûndernimmers om dan mar op in ludike wize aksje te fieren. Kommend wykein is de strjitte ôfsletten. Dan is it Ljouwert Culinair. "Dan krijgen de kinderen de ruimte en maken ze een mooi hinkelpad. We slaan nu op de trommel en hopen dat het eindelijk lukt."
It eindoel is dat de dyk folslein autofrij wurdt. De Vries: "Dat is echt het streven. Eerst zijn er twee andere straten en dan komt de Tweebaksmarkt aan de beurt. Haal die auto's uit de binnenstad vandaan."