FOTO'S: Earste earrebarrepykjes út it aai by Earnewâld

De earrebarren op har nêst yn Earnewâld © Harry Folkertsma
It is de tiid dat fûgels briede en de earste pykjes út de aaien komme. In spannende tiid foar saakkundigen dy't de earrebarren folgje. By natuergebiet It Wikelslân yn de omkriten fan Earnewâld briede 25 spantsjes.
De earste pykjes krûpe yn Earnewâld yntusken út de aaien. Dochs is it mar de fraach oft alle pykjes it helje. Ferline jier wie it in kâlde maitiid en rêden in hiel soad pykjes it net op.
Fia www.ooievaars.nl binne de briedende en fuorjende earrebarren goed te folgjen. De webcam stiet middenyn Nasjonaal Park De Alde Feanen.

Min jier

Ferline jier gie it net goed mei de earrebarrepiken. Yn fiif jier tiid wienen der net in soad dy't it oerlibben. Dat docht bliken út tellingen yn de regio Earnewâld en Beetstersweach.
Nei alle gedachten kaam dat foar in grut part troch it waar. Likegoed in soad reinwetter as perioaden fan drûchte kinne flinke neidielige gefolgen ha foar de jonge pykjes.