Fertochten fan oerfal op fideoteek yn Snits langer fêst

© Omrop Fryslân
De twa fertochten dy't ferline wike oanholden binne foar in oerfal op in fideoteek yn Snits bliuwe langer fêstsitten. It giet om in 22-jierrige man en in minderjierrige jonge út Snits en Wommels.
Twa manlju woenen yn febrewaris de fideoteek oerfalle. Se hienen bifakmûtsen op en bedrigen in meiwurker. Uteinlik slagge it de meiwurker om de twa nei bûten te wurkjen. De rjochter-kommissaris hat tongersdei besletten dat de fertochten noch fjirtjin dagen langer fêstholden wurde.