Follybalster Rixt van der Wal: "Alle fertrouwen dat wy 'm nije wike pakke"

Rixt van der Wal yn de earste wedstriid tsjin VV Utrecht © Dijks Media
De follybalsters fan Friso Snits wisten de striid om te titel snein tsjin VV Utrecht net te beslissen. Yn it fjirde finaleduel, yn Utrecht, ferlear de ploech nei in spannende wedstriid mei 3-2.
"Wy hiene fansels hiel graach lânskampioen wurde wollen", seit Friso Snits-spylster Rixt van der Wal teloarsteld. "Mar wy ha der alle fertrouwen yn dat dat oare wike noch hieltyd kin." Dan steane se wer tsjinoer de Uterters.
"Der is in kâns dat wy 'm nije wike pakke, mar der is ek in kâns dat VV Utrecht 'm nije wike pakt. It wurdt hiel spannend. Wy binne echt noch net wis fan it kampioenskip, der moat earst hiel hurd foar wurke wurde."
Fans by de wedstriid fan Friso Snits tsjin VV Utrecht © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
En dat jildt ek foar Van der Wal sels, want sy spilet mei in blessuere oan de knibbel. "Ik ha der in ûntstekking yn te sitten, it docht sear. Mei ibuprofen, kuolje en rêst kin ik de wedstriden wol sûnder pine spylje."

Thúsfoardiel

Winne yn Utert slagge krekt net. It fiifde finaleduel is wer yn Fryslân. Foarútsjend op dat duel takom wike sjocht se ien grut foardiel foar de Snitsers. "Wy ha it gelok dat wy troch de kopposysje te heljen it thúsfoardiel hawwe mei in bulte publyk dêr, dat skeelt in soad."