Nyck de Vries makket flater by start en einiget Grand Prix van Miami as achttjinde

© Red Bull Content Pool
Troch in minne start op it sirkwy fan Miami kaam Nyck de Vries sneintejûn net yn it stik foar by de Grand Prix fan Miami. Nei in kleurleaze en iensume race einige hy as achttjinde.
De Vries tikke fuortendaliks nei de start de achterkant fan de auto fan Lando Norris oan, wêrnei't de koereur fan AlphaTauri werom sakke nei it tweintichste plak
It wie in flater fan de koereur út Twellegea. Hy remme te let en blokkearre folslein. Sûnder skea oan syn foarste fleugel koe hy wol fierder mei de race.

Bêste startplak

Spitich want Nyck de Vries begûn de race noch as fyftjinde, nei in prima kwalifikaasje wêrby't hy foar it earst trochgie nei Q2 en ek rapper wie as syn teamgenoat Yuki Tsunoda.
Trochdat Piastri, Norris en Sargeant betiid yn de race wikselen nei de hurde bân, rydt De Vries lang op it santjinde plak. Nei syn eigen pitstop sakke hy werom nei it njoggentjinde plak. De Vries rydt dêrnei in iensume race, op ien duel mei Piastri nei. Syn achttjinde plak oan de finish is syn minste resultaat fan dit seizoen.
Teamgenoat Tsunoda einige as alfde. De race waard wûn troch Max Verstappen.