Follybalfroulju Snits yn thriller ûnderút tsjin Utrecht, fiifde duel moat beslissing bringe

© Dijks Media
De follybalsters fan Friso Snits en VV Utrecht moatte takom wike nochris de striid mei elkoar oangean. Yn it fjirde finaleduel, yn Utrecht, wûn de thúsploech nammentlik mei 3-2 (25-19, 25-22, 24-26, 23-25 en 15-12). Snits knokte him prachtich werom yn 'e wedstriid nei 2-2, mar dat wie krekt net genôch foar de Nederlânske titel.
Snits gie it duel yn mei de wittenskip dat in oerwinning genôch wie foar de titel. Dat soarge foar in senuweftich begjin. De ploech seach yn it begjin fan de set rap tsjin in lytse efterstân oan (5-9). Tsjinstanner Utrecht koe dy foarsprong rjochting it ein fan de set fêsthâlde en sels noch wat grutter meitsje.
It like wol as wie Utrecht yn alles wat skerper as de froulju fan Friso Snits. De thúsploech makke ek krekt wat minder fouten en sa waard it 2-0 yn sets. De opdracht foar de Snitser froulju wie dus noch gelyk oan it begjin fan de wedstriid; trije sets winne.

Snits knokt nei setwinst

Yn tsjinstelling ta de earste twa sets wiene de Snitsers by it begjin fan de tredde set wol wekker. Se pakten in lytse foarsprong (5-7), dy't efkes letter sels wat grutter waard (8-12). Dochs koene se dat net fêsthâlde. De thúsploech sette de efterfolging yn en kaam mei in tuskensprint wer op foarsprong (19-15).
De follybalfroulju fan Friso Snits wiene snein hiel ticht by de Nederlânske titel
De slotfaze fan de tredde set wie geweldich spannend. 20-20 waard 21-21 en dat waard, fia 22-22, ek 23-23. Snits knokte mei alles wat der yn 'e ploech siet en sleepte der in setpunt út. It publyk út Snits steunde de ploech mei in soad leven, en seach dat Snits tasloech op it twadde setpunt.

Tige spannend

De thúsploech wie net ûnder de yndruk fan de setwinst fan Snits. Utrecht bleaun op syk nei de oerwinning. De fjirde set gie alle kanten op, wêrby't Snits in pear kear in lyts gat hie. Mei help fan it thúspublyk kaam Utrecht hieltyd werom yn de set.
Lykas yn de tredde set stie der yn de slotfaze 23-23 op it boerd nei in misser fan Van der Wal. Dochs koe Snits him noch in kear oprjochtsje om der in fiifde set út te slepen.

Beslissing

De fiifde set moast dus de beslissing bringe. Dêryn liet it publyk fan beide ploegen him hearre. De Snitser froulju knokten mei alles wat der noch yn 'e ploech siet.
De fans út Snits wiene mei bussen fol nei Utrecht kaam © Geartsje de Vries, Omrop Fryslân
Op 7-6 pakte Utrecht foar it earst in lytse foarsprong fan twa punten troch in goed blok. It publyk yn de Galgenwaard wie net mear stil te krijen, doe't it seach dat de wedstriid út 'e hannen glipte fan Snits. Op 14-11 wiene der trije matchpoints foar de thúsploech. Op it twadde wie it raak.
In fiifde duel tusken Friso Snits en VV Utrecht moat no de beslissing bringe foar de titel. Dy wurdt takom wike spile, yn Snits.