Piet Fortuin fan CNV: "Top grutte bedriuwen is gefoel mei wurkflier kwyt"

CNV-foarsitter Piet Fortuin © ANP
Der is sprake fan in wiere weach oan stakings yn Nederlân. Sa leine meiwurkers fan Albert Heijn it wurk stil, wurdt der fan moandei ôf staakt by Philips yn Drachten en ek yn Limboarch by NedCar gean wurknimmers de striid oan foar in goed sosjaal plan.
Piet Fortuin fan Drachten is foarsitter fan fakbûn CNV. Hy tinkt dat we it kommende jier noch folle mear sosjale ûnrest sjen sille. De ynflaasje is dêrby fan grutte ynfloed, mar ek it byld dat grutte bedriuwen miljoenen fertsjinje en dêrby harren wurknimmers ferjitte.

Solidariteit sykje

It giet dan om de grutte bedriuwen yn Nederlân, seit Fortuin. "De 50 grutste bedriuwen fan Nederlân binne faak yn bûtenlânske hannen. Direksjes en oandielhâlders binne fier fuort. It is in foarm fan arrogânsje. Se snappe it gewoan net. Se ha gjin inkeld gefoel by de minsken dy't dêr wurkje."
Net allinnich de hege ynflaasje soarget foar mear stakings neffens Fortuin. Dat de winst fan bedriuwen allinnich mar nei de top giet, soarget foar argewaasje, sa tinkt hy. "De AH direksje hat 20 miljoen euro krigen. Dat giet om 4 minsken. As je dan yn in distribúsjesintrum wurkje foar it minimumlean dan jout dat yrritaasje."
© Omrop Fryslân, Darshan Boerema
Boppedat sykje minsken neffens him wer mear de solidariteit mei mekoar. Sa wiene der by Albert Heijn ek flekswurkers dy't it wurk dellein. Dat is nij neffens de fakbûnsfoarsitter.

Oare situaasje by it MKB

It MKB sit yn in totaal oare situaasje, seit de foarsitter fan MKB Noord Joyce Walstra. Sy sjocht dat goed wurkjouwerskip dêr wol op 'e kaart stiet. Der is mear ferbining tusken wurkjouwer en wurknimmer. Mar benammen lytsere bedriuwen ha muoite de holle noch boppe wetter te hâlden. "Een loonsverhoging van 14 procent dat kan het MKB vaak niet opbrengen."
Foarsitter Joyce Walstra fan ûndernimmersferiening MKB Noord © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Dochs dogge lytsere bedriuwen neffens Walstra wol harren bêst om wurknimmers te stypjen. Mar by in soad fan harren stiet ek de belestingtsjinst wer op 'e stoepe, wylst in soad bedriuwen noch coronastipe werom betelje moatte.
Piet Fortuin en Joyce Walstra yn petear by Omrop Fryslân
Moandei begjint in staking by Philips Drachten. Ek yn de suvelsektor komme der stakings. "It is allegear noch net klear", sa konkludearret CNV-man Fortuin dan ek.