Keunstner Gerrit Breteler: "Ik bin net bang foar de dea"

Gerrit Breteler yn 2009 © Omrop Fryslan
Gerrit Breteler is siik: hy hat hertfalen yn it lêste stadium. De dokter seit it yn desimber 2022 tsjin him en seit derby dat de measte minsken yn dat stadium noch trije oant seis moannen libje.
Breteler frege in second opinion oan yn it UMCG yn Grins. De professor dêr sei tsjin him dat er fytse, rinne en sjonge moast. Dêr krijt de keunstner moed fan.

Geswel yn it hert

Sa'n 25 jier lyn wurdt Gerrit Breteler operearre: hy hat in goedaardich geswel yn it hert. Dat is tige seldsum, mar aldergeloks kin it fuorthelle wurde. Sûnt dy operaasje hat Breteler hertfalen, mar hy hat der nei eigen sizzen gjin lêst fan.
Yn july ferline jier hâldt it hert der mei op en hy falt del. Syn frou, Anke Bylsma, kin him reanimearje en Breteler krijt yn it sikehûs in ICD-apparaatsje kombinearre mei in pacemaker. As it hert der mei ophâldt, dan jout dat apparaat in klap om it hert wer op gong te krijen.
Gerrit Breteler © Omrop Fryslan
Mei de ICD giet it better. "Ik wie wer oan it sporten en fielde my goed. Ik moast fansels in soad optredens ôfsizze, mar der stie noch ien, op It Hearrenfean en dêr hie ik o sa'n nocht oan". It optreden op it Hearrenfean giet goed, mar flak dêrnei giet it wer mis. "Ik krige wer in klap en bin omnukt."

Harsenskea

Gerrit Breteler falt op 'e holle en al gau docht bliken dat der harsenskea is. It is in tige drege perioade foar Breteler. Nei in tiid yn it sikehûs op de ôfdieling neurology folget revalidaasje yn Lyndensteyn yn Beetstersweach, mar al nei in pear dagen giet er dêr wer wei omdat it hert op 'e nij útfalt.
Gerrit Breteler is in mearsidich keunstner: hy skilderet, makket muzyk, sjongt en skriuwt teäterstikken. Hy waard berne yn Enschede en kaam as 13-jierrige jonge mei syn Twentske heit en Fryske mem nei Fryslân. In grifformearde húshâlding.
Al op jonge leaftiid luts de byldzjende keunst. Hy studearre yn 1975 cum laude ôf oan de keunstakademy Vredeman de Vries yn Ljouwert.
Gerrit Breteler hellet ynspiraasje út it plattelân. Syn soarch om it efterútgean fan it Fryske plattelân komt faak werom yn syn wurk. Lykas yn it teäterspektakel 'Oer de Seedyk' út 2008 en it iepenloftspul fan de Harkema fan 2018: 'De Oerbliuwers.'
Foar Teäterstichting Achmea Culpa skriuwt hy fjouwer Frysktalige teäterfoarstellings dêr't mei in soad humor, selsspot, tragyk en in it nedige moralisme krytysk sjoen wurdt nei de hjoeddeiske maatskippij. Syn lieten "Op een dag', 'Lit ús derom drinke' en 'As it jo wil is' binne al jierren werom te finen yn de Fryske Top 100.
De maatskiplik belutsen Breteler docht yn 2022 noch mei oan de twaddekeamerferkiezingen. Hy stiet 6e op de list fan de nije partij NLBeter.
Yn it MCL, op de ôfdieling kardiology fertelle de dokters him dat er hertfalen yn it lêste stadium hat. In boadskip dat hurd oankomt.

Djippe petearen

It soarget der wol foar dat de famylje Breteler djippe en moaie petearen hat. "Der wurde in hiel soad lagen yn dyn emoasjes oansprutsen" seit Gerrit Breteler. "En de petearen dy't wy ha binne moai, somtiden hiel fertrietlik, mar ek mei djipgong en hiel weardefol."
Dochter Anne-Goaitske freget har heit oft er in soarte fan deiboek meitsje wol foar de bern dy't sy eventueel letter krijt en dy't pake nea kennen ha. Breteler is dêrom begûn mei it beskriuwen fan syn libben. Fan syn jongestiid yn Enschede, syn betide fassinaasje foar Bach en letter ek foar Rembrandt en syn tinzen dêroer.
"It is net makkelik om te lêzen, it is wat filosofysk mar ik hoopje dat as Anne-Goaitske har bern in jier of tritich binne, se der wat oan ha en harren pake wat better kennen leare".
Anne-Goaitske Breteler © Omrop Fryslân, René Koster
Nei dat minne boadskip giet it eins hieltiid better. Breteler fielt de enerzjy tanimmen en beslút om in second opinion te freegjen yn it UMCG, it sikehûs dêr 't er 25 jier lyn operearre is. De professor dêr seit tsjin him dat er 'lekker fytse, rinne en sjonge' moat.
Gerrit Breteler is ferromme: "Ik kin dy wol fertelle dat ik hiel wat lichter de keamer útstapte as dat ik der yn gien wie."
De alsidich keunstner pakt de tried wer op en docht rydeksamen. Dat hellet er, mar foar't er it rôze papierke ophelje kin, krijt er wer in klap fan de ICD en falt mei de holle op it oanrjocht.
Hy bringt trije dagen yn it sikehûs troch en mei yn alle gefallen de kommende moannen earst net autoride. Ek in optreden dat pland stiet en dêr't er bot nei útsjocht, moat er ôfsizze. Syn soan Hylke ferfangt him.

Mem ferstjert

Yn de tuskentiid ferstjert de 92-jierrige mem fan Gerrit Breteler. "Ik ha ek mei har hiele moaie petearen hân. Dan sei se: ik gean aanst in grins oer en jimme geane dy grins ek in kear oer. Mar ik hoopje al dat ik earst gean".
Harkje nei Gerrit Breteler
Se spruts ek oer it ôfskied en dêr sjocht Gerrit in parallel mei syn eigen ôfskied. "Dêr hiene wy it ek oer. En it twong my ek om dêroer nei te tinken. Oer de muzyk en sa." Op de begraffenis fan syn mem klinkt 'In giele sinnebril', in liet dat Gerrit Breteler spesjaal foar har skreaun hat.
Ik bin noch lang net klear en wol noch in hiel soad dwaan.
Gerrit Breteler
"Sjoch, ik bin net bang foar de dea. Dea is dea en dat geane we allegearre". Mar om Gerrit Breteler mei dat noch wol in skoftke duorje: "Ik bin noch lang net klear en wol noch in hiel soad dwaan."
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.