In tefreden De Vries hopet op rein yn Miami

Nyck de Vries seit dat er net te happich wêze moat op syn jacht nei sukses © Red Bull Content Pool
Nyck de Vries hat himsels in tsjinst bewiisd troch him yn Miami foar it earst foar syn teamgenoat te kwalifisearjen. Op in foar him ûnbekend sirkwy, op it momint dat de druk it grutst is. "Als je blijft geloven en je werk blijft doen, komt het vanzelf", sa seit De Vries.
Hy is er de persoan net nei om it achterste fan syn tonge sjen te litten. Ek is er net gau tefreden. Mar syn gniis nei de kwalifikaasje dêr't er in fyftjinde tiid by delsette, spruts boekdielen.
De Vries fielt de druk. Hy wit dat it better moat, mar wit tagelyk ek dat er better kin. Neffens him is it in kwestje fan geduld oant de puzelstikjes yninoar falle. Yn Miami barde dat by de kwalifikaasje.

Stipe fan team

De kritiken yn de bûtenlânske parse op syn optreden yn Azerbeidzjan wiene net lyts. Stipe fan dyn rinstâl is dan essinsjeel. Dat befêstiget ek teambaas Tost tsjinoer Viaplay: "Nyck hat de stipe fan it team nedich. Ik ha him sein: doch it rêstich oan, ryd safolle mooglik rûntsjes, bou dyn selsbetrouwen op en dan komt de rest fansels."
Nyck de Vries hopet op rein yn Miami. © Red Bull Content Pool
Op in ûnbekend sirkwy is kilometers meitsje tige wichtich. Op in strjitsirkwy sels essinsjeel om dat goede gefoel te krijen by de baan, ek foar dyn selsbetrouwen. Sa kinst mear op ynstinkt ride, dan mei de holle.

Net te begearich wêze

En dat lêste is krúsjaal foar in pikeraar as De Vries. De 28-jierrige is derfan oertsjûge dat in goed wykein as katalysator wurkje kin, mar leit foarôfgeand oan de kwalifikaasje oan Viaplay út dat hy der net nei op syk is. "Je moet niet te gretig op jacht zijn. Ik moet gewoon mijn best blijven doen en dan komt het vanzelf naar je toe."
Op it strjitsirkwy fan Miami foel it op syn plak. "Ik ben tevreden. Zeker na de eerste trainingsdag waarbij we totaal niet competitief waren, hebben we toch wat performance kunnen vinden en zodoende Q2 kunnen halen. Helaas niet voldoende om verder vooraan te kunnen starten."

Grutte gniis

Foar him persoanlik is it lykwols wichtich dat er syn teamgenoat te rap ôf is. Dat it no wol slagget is neffens De Vries in gearkomste fan omstannichheden. "Als je er lang genoeg in blijft geloven en je werk blijft doen, komt het vanzelf. Het is nog vroeg in het jaar, dus ik wacht rustig mijn tijd af", seit er mei in gniis.
Nyck de Vries hat yn Miami lang om let reden ta laitsjen © Red Bull Content Pool
Oer de race hâldt er him wat op de flakte. "Ik weet niet wat ik moet verwachten. We doen ons best. Ik hoop op een probleemloze race voor ons en dat we kunnen profiteren van andermans fouten."

Sauna

De race yn Miami wurdt boppedat ferriden op in strjitsirkwy mei relatyf net in soad grip. It is in swiere race fanwege de hege luchtfochtichheid. Foar de koereurs is it oft se yn in sauna ride. It waar kin noch in nijsgjirrige rol spylje.
Nei ferwachting sakket de temperatuer wat ûnder de race en is der kâns op in bui. Dat lêste sjocht de debutant wol sitten. "Van mij mag het wel gaan regenen. Dan heb ik meer kans", ferklearret er tsjinoer Motorsport.