Paleis Het Loo libbet wer foar syn Fryske konservator Johan de Haan

© Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
Paleis Het Loo libbet wer, sa fielt it foar Johan de Haan. Sûnt in wike rint er wer publyk troch it paleis, hy is sa grutsk as in pau. De ferbouwing en útwreiding fan it paleis duorre al mei al fiif jier.
De Haan, hikke en tein yn Beetstersweach en Boalstert, kaam flak foar de ferbouwing yn tsjinst by Het Loo. As haadkonservator wie hy ferantwurdlik foar de folsleine kolleksje fan it museum yn Apeldoorn, dat eartiids it simmerferbliuw wie fan de keninklike famylje Oranje-Nassau.
It gebou siet fol asbest en dat moast derút. Mar ek de ynstallaasjes wiene ferâldere en de museumromten fielden net mear up-to-date. "Wy hawwe de kâns pakt om it út te wreidzjen", seit De Haan. Uteinlik kaam der 5.000 kante meter by.
Paleis Het Loo © Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
Der bruts in spannende tiid oan, fan it paleis wie net folle mear oer as in kasko. It foarplein, dêr't in nije útwreiding komme moast, wie ien grutte sânbak.

Foyer ûnder de fiver

Under de fiver is in gloednije foyer ferstoppe. "Wy woene dat je fan de bûtenkant eins net sjogge dat der wat nijs is. It is der wol, mar je sjogge it yn earste ynstânsje net. 'Ik kin it my hast net foarstelle dat dit ûnder de grûn sit', sizze minsken. Mar it is wier."
Dêr is De Haan grutsk op. "It paleis is noch altyd itselde, mar dochs oars."

In hiele grutte puzel

It ferbouwen, útwreidzjen en restaurearjen wie in gigantyske operaasje. "It wie letterlik in puzel." Om it asbest te finen moast alles fuorthelle wurde. "Je koene fan de kelder nei de souder sjen." Alle ûnderdielen waarden nûmere en stik foar stik nei in depot yn de tún brocht.
Logistyk wie it ek in grutte put, troch alle kwetsbere, âlde objekten dy't ferfierd wurde moasten. Ek houtwurk en skilderijen waarden oanpakt. "Alles wer as nij."

Drokte by Het Loo

Mar no is it museum dan lang om let wer iepen foar publyk. En dat wit it paleis alwer te finen. "Dêr dogge wy it foar. In museum is foar de minsken, net foar ússels", sa is De Haan fan betinken.
As minsken it net sjen en belibje kinne, dan is it neat. Dan is it úteinlik dea. Erfgoed moat libje, minsken moatte der yn komme, harsels ôffreegje wat sy der fan fine en hoe't sy harsels ta it ferline ferhâlde.
Johan de Haan
"In museum is der ek foar minsken", heakket hy ta. "Wy moatte foar it erfgoed soargje, mar as minsken it net sjen en belibje kinne, dan is it neat. Dan is it úteinlik dea. Erfgoed moat libje, minsken moatte der yn komme, harsels ôffreegje wat sy der fan fine en hoe't sy harsels ta it ferline ferhâlde."
It paleis hat wol fiif jier ticht west. "Mar foar sa'n grut projekt is it net iens sa lang", seit de konservator. "Ik hâld wol fan dynamyk. Dat der wat bart, dat der wat feroaret. Dêr libje ik wol fan op."
De sliepkeamer fan prinses Juliana © Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
It paleis hat in lange skiednis. It is yn de 17e iuw boud troch prins fan Oranje Willem III en syn frou Mary Stuart. Troch de iuwen hinne wie it de simmeresidinsje fan de Oranjes.
Wilhelmina wie der faak mei har man Hendriken keninginne Juliana is der foar in part opgroeid. Doe't sy keningin waard fûn se dat it paleis wol in museum wurde koe en sûnt 1984 hat it paleis dy funksje.
Johan de Haan jout in rûnlieding troch paleis Het Loo
It âlde paleis is no yn twa parten opdield. Yn it iene part stappe je werom yn de tiid fan 'William and Mary', yn it oare part kinst de keamers fan ûnder oaren Juliana en Wilhelmina ûntdekke. Sa is de sliepkeamer fan de jonge prinses Juliana te besjen, mar ek de ytseal fan Willem III.
Under it foarplein is dus in nije ûndergrûnske ferdjipping boud. Hjir komst as besiker mear te witten oer de skiednis fan de Oranjes en de tiid dêr't se yn libje.

De pracht en preal, mar ek it oare lûd

"Wy wolle ek it ferhaal fan de minsken fertelle, lyk as it ferhaal oer it systeem: de monargy. Net allinne de 'pracht en preal', mar ek de krityske lûden. Ik tink dat wy der goed yn slagge binne om it lykwicht sjen te litten", seit De Haan.
De ytseal fan Willem III © Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
Nijsgjirrich is dat in foarâlder fan de nagelnije kening Charles fan Ingelân yn paleis Het Loo wenne hat. Charles is gjin neikommeling fan Willem en Mary - sy hiene gjin bern - mar fan de hartoch fan Portland, Hans Willem Bentinck. Hy hearde by de hofhâlding fan Willem III en hat ek yn paleis Het Loo wenne.

It minsklike yn in hûs

"In fassinaasje foar âlde huzen haw ik altyd al hân", jout De Haan ta. "Want yn in hûs fine je it minsklike. Minsken moatte der wenje, it feroaret yn de rin fan de tiid. It fertelt in ferhaal oer hoe't it libben der wie. Watfoar minsken wiene it? Watfoar boeken liezen se? Hoe kamen sy troch de tiid?"
Mei de restauraasje en útwreiding fan it paleis is in ein kaam oan in yntinsive, mar nijsgjirrige perioade foar De Haan. "Ik tink dat it wol ien fan de moaiste dingen is dy't ik dien haw", sa beslút er.
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.