Man út Grins oanholden nei stekpartij yn Ljouwert

© ANP
In man út Grins is sneontejûn yn it sintrum fan Ljouwert oanholden nei n stekpartij. De plysje seach twa persoanen "yn gefjochtshâlding" stean. Doe't de plysjes in 35-jierrige Grinzer oansprekke woe, naaide dy út.
Dy persoan bliek nei oanhâlding in mes by him te hawwen. De fertochte is oanhâlden, en de oare persoan is mei in stekwûne nei it sikehûs brocht. De plysje is op syk nei tsjûgen. It ynsidint fûn plak op de krusing fan de Oosterkade en Droevendal.