Hearrenfean pakt trije wichtige punten yn útwedstriid tsjin NEC

Sportklup Hearrenfean hat sneontejûn trije wichtige punten pakt yn de útwedstriid tsjin NEC. It duel gie alle kanten op, mar de Feansters slaggen deryn om yn de twadde helte in 2-1 efterstân goed te meitsjen.
Yn de basis fan Hearrenfean gjin ferrassingen sneontejûn. Yn de jacht op in ticket foar de play-offs krigen deselde alve spilers it fertrouwen fan Kees van Wonderen as de ôfrûne wiken.
Opstelling sc Hearrenfean: Mous; Van Ewijk, Van Ottele, Bochniewicz, Köhlert; Tahiri, Haye, Olsson; Van Amersfoort, Van Hooijdonk, Sahraoui.
Yn de begjinfaze gie it spul wat op en del sûnder grutte kânsen. Wol wie der frij rap in giele kaart foar Syb van Ottele, dy't dêrtroch skorst is foar de thúswedstriid tsjin Excelsior takom wike.
Beauty fan Haye
Healwei de earste helte woe Hearrenfean in strafskop nei in oertrêding op Sahrauoi, mar skiedsrjochter Higler en syn VAR woene der net oan.
In pear minuten letter wie der dochs sukses foar de Feansters, doe't Thom Haye it duel iepenbruts. Hy mocht in frije traap nimme en slagge der yn om de bal yn 'e krúsing te krôljen.

De thúsploech kaam dêrnei better yn de wedstriid en makke foar it skoft de lykmakker. Ut in hoekskop fan Tannane wei kopte Márquez nei it doel ta, wêrnei't Magnus Mattson de bal by de twadde peal binnentikte. In flinke tebeksetter foar Hearrenfean, dat de kontrôle like te hawwen nei it earste doelpunt.
Hearrenfean yn de efterfolging
De twadde helte begûn mei wat lytse kânskes foar beide ploegen, mar echt gefaarlik waard it net. Nei in oere wie it de thúsploech dy't op foarsprong kaam. Souffian El Karouani joech in foarset, dy't Nany Landry Dimata fan tichtby yn de goal wurkje koe. Sa moast Hearrenfean yn de efterfolging, mar dêr like it earst net op.
NEC krige nammentlik ferskate kânsen om de foarsprong út te bouwen. De thúsploech slagge dêr net yn en dêrtroch koe de ploech fan trainer Kees van Wonderen dochs wer werom komme yn it duel.
Wer Van Hooijdonk
Topskoarder Van Hooijdonk brocht syn ploech op likense hichte doe't hy in foarset fan Sahrauoi by de earste peal binnen wurke. It wie alwer de sechstjinde goal foar Van Hooijdonk dit seizoen.

Noch gjin fiif minuten letter seach de wrâld der hiel oars út foar Hearrenfean. Antoine Colassin skeat op goal, mar syn bal wie maklik te pakken foar Jasper Cillessen. Dy tocht allinnich dat de bal njonken gean soe, en liet him rôlje. De keeper seach ta syn skrik dat de bal fia de binnenkant fan de peal yn de goal ferdwûn. It útfak koe it dêrnei net litte om pesterich 'Noppert in Oranje' te sjongen.
Troch de oerwinning mei Hearrenfean trije punten byskriuwe yn de jacht op in ticket foar de play-offs. Mei 41 punten út 31 duels stean de Feansters no op it njoggende plak, mei likefolle punten as nûmer acht RKC Waalwijk.
Sjoch hjir nei de gearfetting fan de wedstriid: