Molkestaking as deiboek te folgjen yn Bunker Koehoal: "Frede is net samar wat"

Yn de bunker fan Koehoal oan de Seedyk is dit wykein in tentoanstelling te sjen oer de molkestaking fan 1943. It is dizze moanne op de kop ôf 80 jier lyn dat de grutste staking fan Nederlân holden waard.
Yn 1943 kamen tûzenen minsken yn ferset tsjin de Dútske besetter. Nederlanners waarden twongen om te wurkjen foar de Dútsers.
"Oant dy jierren wie it eins rêstich ferrûn yn de oarloch," seit Halbe Hageman, foarsitter fan Stichting Bunker Koehoal. "Mar doe't de Dútsers dat ferplicht stelden, wie de geast út de flesse."
Tentoanstelling yn de bunker fan Koehoal fanwegen 80 jier molkestaking
De molkestaking is ek wol bekend as de april-maaiestakingen. Yn Fryslân joegen boeren gjin molke mear oan de fabriken. Oant 5 maaie 1943 bleaune boeren en oare Friezen staken.
De Dútsers fierden it saneamde stânrjocht yn en koene stakers sûnder in juridysk proses deasjitte. Yn de bunker fan Koehoal lit de tentoanstelling sjen hoe't it foar de minsken út de Waadhoeke west hat.
Oarloch, net samar wat
"Wy ha hjir in deiboek fan makke," seit Hageman. "Njonken alle aksjes dy't op de dei ûndernaam binne, steane der ferhalen en de ferslaggen fan de tsjûgen. Dizze staking hat in soad gefolgen hân en ek yn ús regio binne der deaden fallen."
De bedoeling is om minsken sjen te litten hoe't it west hat yn oarlochstiid. "It is wichtich dat minsken stil steane by de oarloch, want frede is net samar wat. Wy moatte dêr bliid mei wêze."
Bunker Koehoal
De bunker yn Koehoal is yn 1941 troch de Dútsers delset. Sa koene sy de tsjinstanners bûten hâlden. De bunker is no noch mar twa kear yn it jier iepen. De tentoanstelling oer de molkestaking is sneon en snein te sjen.